thumb|Aenjewierder Tsjerke De Aenjewierder Tsjerke (Nederlânsk: Aengwirder Kerk) is in tsjerkegebou oan de Pastorijeleane yn Tsjalbert.
De herfoarme tsjerke waard boud yn 1626 en yn 1742 opknapt en foar in diel werboud.skiednis fan 'e Aenjewierder Tsjerke op 'e webside fan PKN-gemeente Tsjalbert-De Knipe Neffens in gevelstien boppe de yngong oan de westside, barde dat lêste yn opdracht fan grytman fan Aenjewier Martinus fan Bouricius (1707-1755). De sealtsjerke hat in trijesidich sluten koar en houten geveltoer mei ynsnoerde spits oan de westside. Yn de toer hinget in liedklok (1670) fan klokkejitter Petrus Overney. Yn 1825 waard oan de noardside in dwerspân boud mei in neoklassisistysk toskaanse yngongspoarte. De preekstoel is út de santjinde iuw. It oargel út 1869 is boud troch L. van Dam en Soannen. De tsjerke is in ryksmonumint. Yn 2011 is de tsjerke restaurearre.
De PKN Gemeente Tsjalbert-De Knipepkn-tjalleberd-deknipe.nl tsjerket ôfwikseljend yn dizze tsjerke en de Nij Brongergea Tsjerke.
Yn 2026 waard it fjouwerhûndertjierrich bestean fan it tsjerkegebou fierd., Aengwirder Tsjerke is klein maar viert jubileumfeest groots, yn: de Ljouwerter Krante, 12 juny 2026, s. 21.
Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân
Kategory:Tsjalbert Kategory:Aenjewier Kategory:Tsjerkegebou yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1626