De Tsjerke fan Skuorregea oan de Tsjerkeleane 3 is in tsjerkegebou yn Skuorregea. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis Foar de reformaasje wiene Skuorregea en Jobbegea twa aparte parochy's en beide doarpen hiene doe ek in eigen tsjerke. Troch de fynst fan in 12e-iuwske sarkofaach by in pleats oan de bûtenwei (no de Skoatterlânskewei) wurdt der tocht dat Skuorregea yn alle gefallen doe al in tsjerke hân hat. Unbekend is oan hokker hilligen de twa eardere tsjerken fan de doarpen wijd wiene.Coprus Roemeling, oproppen 26 augustus 2023
De doarpen wiene earm en sa ek de preesters, dy 't fan earmoede ferhûzje moasten. Ek de twa tsjerken waarden brekfallich en sa fersochten de doarpen yn 1540 de parochy's gear te foegjen en op de mienskiplike doarpsgrins in nije tsjerke te bouwen. De doarpen krigen al gau tastimming fan 'e biskop, mar ynearsten waard noch ien fan beide tsjerken brûkt, want it duorre noch oant 1579 dat de nije tsjerke boud waard. Dat wie ien jier foar de ynfiering fan de reformaasje yn Fryslân. In wijing fan it gebou troch de biskop hat net mear plakfûn.(PDF) Artina Gildemacher-Oppenhuizen, 3 oktober 2009Coprus Roemeling, oproppen 26 augustus 2023 thumb|left|Gevelstien ta oantinken fan 'e bou As ferfanging fan dy tsjerke waard yn opdracht fan 'e Skoatterlânske grytman Martinus (de Blocq) van Scheltinga (gevelstien boppe yngong) yn 1715 in nije sealtsjerke mei trijesidich sletten koar en rûnbôgefinsters boud. Yn 1910 waard in houten geveltoer op de westlike kant tafoege. Dy kaam yn it plak fan 'e klokkestoel dy't earder by de tsjerke stie.
De tsjerke fan Skuorregea is sûnt 1972 eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt brûkt foar gearkomsten, eksposysjes en rou- en troutsjinsten. Ut en troch brûkt de PKN de tsjerke.
Ynrjochting Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel út it begjin fan'e 18e iuw (mei in wynmole op it rêchsket) en wandbuorden fan grytman Daniel de Blocq fan Scheltinga. It raam mei brânskildere glês is yn 2010 makke troch Karel van der Wal as geskink fan de bern fan Johan Molenaar. Yn de tsjerke binne gjin tsjerkebanken mear oanwêzich.
Oargel In tsjerkeoargel hat de tsjerke nea hân. Hjoed-de-dei stiet der in restaurearre kammenetoargel, dat eartiids yn 'e tsjerke fan Teridzert stie.
Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân Protestantske tsjerke fan Jobbegea
Kategory:Jobbegea Kategory:Tsjerkegebou yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1579 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1715 Kategory:Bouwurk út 1715