Johan Olaf Ernst Oldenziel (Naarden, 20 febrewaris 1939) is in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Hoewol’t hy berne waard yn Noard-Hollân brocht hy in grut part fan syn jeugd troch yn Grinslân. Yn 1964 is hy yn de rjochten ôfstudearre oan de Ryksuniversiteit Grins wêrnei’t hy wurkjen gie foar de gemeente Arnhim. Fiif jier letter krige er wurk by de gemeente Grins dêr’t hy yn 1972 promoasje makke ta kabinetssjef fan de boargemaster dêr. Yn febrewaris 1978 folge syn beneaming ta boargemaster fan Hylpen. Yn 1981 waard hy de boargemaster fan Frjentsjer en by de gemeentlike weryndieling fan Fryslân yn 1984 waard Oldenziel de boargemaster fan de doe nijfoarme gemeente Littenseradiel wat hy oant maart 2000 bliuwe soe.
Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan Frjentsjer Kategory:Boargemaster fan Hylpen Kategory:Boargemaster fan Littenseradiel Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1939