thumb| Earehôf Nijemardum

It Earehôf Nijemardum leit op it algemiene begraafplak fan Nijemardum yn it suden fan Fryslân. It begraafplak leit om in 16e iuwske tsjerketoer. Oan de eastkant fan de toer lizze de grêven fan 9 loftmachtmilitêren, 6 Ingelsken en 3 fan de Kanadeeeske loftmacht. Twa binne ûnbekend.

Namme Funksje UnderdielSq FerstoarnleeftydJohn Arthur BaileyBoardskutterRoyal Canadian Air Force426 Sq29-03-194323Raymond BoucherRadio-operator/boardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve78 Sq08-11-194120Donald CameronSersjantRoyal Air Force Volunteer Reserve78 Sq08-11-194129John Franklin GubbBommerjochterRoyal Canadian Air Force426 Sq29-03-194321George Marshall McCombePiloatRoyal Air Force Volunteer Reserve78 Sq08-11-194125Richard Earl ToddPiloatRoyal Canadian Air Force426 Sq29-03-194323Gilbert Terence WebbWaarnimmerRoyal Air Force Volunteer Reserve78 Sq08-11-194125ûnbekendSersjantAir ForceûnbekendAir Force

Skiednis Op 8 novimber 1941 waard in Whitley, de Z6948 fan it 78e Sq, oanfallen troch in Dútske nachtjager en stoarte del tusken Aldemardum en Nijemardum yn it súdwesten fan Fryslân. De 5 bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Fjouwer bemanningsleden bine hjir begroeven. Ien lid fan de bemanning, Sersjant Bell, waard op 19 novimber 1941 yn de omkriten fan De Lemmer fûn en leit op it earehôf De Lemmer.

Op 29 maart 1943 waard in Wellington, de BJ 762 fan it 426 Sq, oanfallen troch in Dútske nachtjager. De Wellington kaam terjochte yn de Sondeler Leien, in natuergebiet tichtby Sondel yn Gaasterlân. Trije leden fan de bemanning kamen dêrby om en waarden begroeven op it algemiene begraafplak fan Nijemardum. De twa oaren waarden kriichsfinzen makke.

Ofbylden

Kategory:Begraafplak yn Súdwest-Fryslân Nijemardum Kategory:Nijemardum Kategory:Monumint yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Monumint yn De Fryske Marren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1941