thumb|Seedyk 9 De herfoarme tsjerke fan Gaast is in tsjerkegebou oan de Seedyk fan Gaast yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De sealtsjerke út 'e 14e iuw mei trijesidige koarsluting waard yn 1916 ommitsele. Yn de houten geveltoer mei ynsnoerde spits hinget in klok (1718) fan Jan Albert de Grave. It meganysk toeroerwurk is makke troch Van Bergen. It oargel út sirka 1860 is boud troch Willem Hardorff. De tsjerke is in ryksmonumint.

De tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Gaast Kategory:Tsjerkegebou yn Wûnseradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út 1916