thumb|Eco Haitsma Mulier Eco Haitsma Mulier (Boalsert, 13 jannewaris 1843 - De Haach, 5 maart 1920) wie in Nederlânske bestjoerder.
Haitsma Mulier wie in soan fan mr. Johannes Haitsma Mulier (1811-1859) en Maria Louisa Ypeij (1816-1898).Nederland's Patriciaat 77 (1993) Hy troude mei Aleida Thoden van Velzen. Ut dit houlik waarden ûnder oaren soannen Sijo en Gerard berne, dy’t beide boargemaster waarden.
Haitsma Mulier syn karriêre begûn by de Keninklike Marine, dêr’t er it ta luitenant-op-see 2e klasse brocht. Yn 1872 waard er beneamd ta boargemaster fan Sleat. Hy stie dêrnei yn Utingeradiel en Winterswijk (1883-1905).
Haitsma Mulier wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy ferstoar doe’t er 77 jier wie.
Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Sleat Kategory:Boargemaster fan Utingeradiel Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1843 Kategory:Persoan stoarn yn 1920