thumb|Johannes Haitsma Mulier Johannes Haitsma Mulier (Rinsumageast, 8 july 1811 - Boalsert, 30 septimber 1859) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Libben en wurk Mulier wie in soan fan Pieter Mulier (1783-1866), belestingûntfanger en lid Deputearre Steaten, en Margaretha Haitsma (1790-1819).Nederland's Patriciaat 77 (1993) Hy boaske Maria Louisa Ypeij (1816-1898), styfdochter fan Hans Willem de Blocq van Scheltinga, grytman fan Skoatterlân. Ut dit houlik waard ûnder oaren soan Eco Haitsma Mulier (1843-1920) berne.

Mulier studearre rjochtenNieuw Nederlands Biografisch Woordenboek: Mulier (Tjepke) en promovearre yn 1837 oan de Leienske universiteit. Hy waard nei syn stúdzje abbekaat yn Boalsert. Hy waard beneamd ta adjudant-houtfester fan de Kening yn Fryslân 1843-1852, en wie ûntfanger fan it Wetterskip Wûnseradiels Suderseediken 1858-1859, yn de tiid dat syn broer Tjepke Mulier boargemaster fan Wûnseradiel wie. Haitsma Mulier waard yn 1841 lid fan de gemeenteried en wie wethâlder 1846-1848 en fan 1848 oant syn ferstjerren boargemaster fan Boalsert.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Boargemaster fan Boalsert Kategory:Persoan berne yn Rinsumageast Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1859