thumb|left|100px|Wapen fan Lütetsburg

De gemeente Lütetsburg (Eastfrysk: Lütsbörg) leit yn it distrikt Auwerk fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. Lütetsburg hat 758 ynwenners (2013). De gemeente is ûnderdiel fan de Samtgemeinde Hage. De gemeente leit ek yn de regio East-Fryslân.

Yn de gemeente leit it lykneamde slot Lütetsburg, dêr't de gemeente nei neamd is. It is in saneamde wetterboarch. It kastiel hat in kastieltún, dy't te besjen is. It bewenne kastiel is net iepen foar publyk.

Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn Nedersaksen Kategory:Plak yn Nedersaksen