Ilse Kraaijeveld (Dokkum, 22 desimber 1990) is in Frysk swimster.

Karriêre Op de Iepen Nederlânske kampioenskippen swimmen 2009 yn Eindhoven stie Kraaijeveld foar de earste kear op het NK-podium, sulver op sawol de 50 as de 100 meter frije slach. Twa wiken letter, op de NK sprint,foldie se oan de limyt foar de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2009 yn Istanboel op de 50 meter frije slach. Yn Istanboel strrâme se yn de searjes fan de 50 meter frije slach.

By de Amsterdam Swim Cup 2010 wist Kraaijeveld in plak te bemachtigjen yn de 4x100 meter frije slach foar de Europeeske kampioenskippen swimmen 2010 yn Boedapest. Nei ôfrin fan de Amsterdam Swim Cup waard bekend dat se nei de simmer oerstapt nei it Nasjonaal Swimynstitút Eindhoven, yn Eindhoven sil se trene ûnder lieding fan Jacco Verhaeren.Ilse Kraaijeveld stapt over naar NTC Eindhoven Op de Europeeske kampioenskippen yn Boedapest waard de Nederlânske útskeakele yn de searjes fan sawol de 50 as de 100 meter frije slach, tegearre mei Saskia de Jonge, Elise Bouwens en Femke Heemskerk einige se as seisde op de 4x100 meter frije slach. Yn Eindhoven nom Kraaijeveld diel oan de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2010, op dit toernoai strâne se yn de searjes fan de 100 meter frije slach. Op de 4x50 meter frije slach swom se mei Inge Dekker, Saskia de Jonge en Marleen Veldhuis yn de searjes, yn de finale ferovere Dekker mei Femke Heemskerk, Hinkelien Schreuder en Ranomi Kromowidjojo de Europeeske titel. Foar har oandiel yn de searjes waard Kraaijeveld leanne mei de gouden medalje.

By de Europese kampioenskippen koartebaanswimmen 2011 yn Szczecin waard se útskekele yn de searjes fan de 100 meter frije slach, mei Tamara van Vliet, Rieneke Terink en Maud van der Meer einige se as fjirde op de 4x50 meter frije slach.

Yn 2012 beslut Kraaijeveld om wer nei Swimferiening Orka yn Ljouwert te gean om te trenen by Henri Koek

Resultaten Ynternasjonale toernoaien Jier Olympyske Spullen WK langebaan WK koartebaan EK langebaan EK koartebaan 2009 gjin dielname 23e 50m frije slach 2010 gjin dielname 20e 50m frije slach23e 100m frije slach6e 4x100m frije slach 20e 100m frije slach 4x50m frije slachKraaijeveld swom inkeld de searjes 2011 gjin dielname 33e 100m frije slach4e 50m frije slach Nederlânske kampioenskippen swimmen Jier NK langebaan NK koartebaanYn 2011 waard de NK koartebaan mei it each op de Olympyske Spullen fan 2012 ferfongen troch in NK op de langebaan. 2006 13e 100m rêchslach9e 200m rugslag13e 100m rêchslach 16e 50m frije slach16e 100m rugslag12e 200m rugslag 2007 8e 50m frije slach12e 100m frije slach10e 200m rêchslach 4e 50m frije slach10e 100m frije slach 2008 6e 50m frije slach9e 100m frije slach 5e 50m vrije slag4e 100m frije slach15e 200m frije slach13e 50m rêchslach 2009 50m frije slach 100m frije slach6e 200m frije slach 50m frije slach4e 100m frije slach12e 200m frije slach7e 50m flinterslach 2010 50m frije slash 100m frije slach 50m frije slach 100m frije slach 200m frije slach 2011 6e 50m frije slach13e 50m rêchslach 14e 50m frije slach16e 100m frije slach Persoanlike rekords Bywurke oant en mei 5 desimber 2010

Koartebaan Ofstân Tijd Datum Plak 50m frije slach 24,65 11 desimber 2009Saskia de Jonge wint time-trial foar 4x50 frij Istanbûl 100m frije slach 54,38 5 desimber 2010 Amsterdam 200m frije slach 1.58,59 4 desimber 2010 Amsterdam

Langebaan Ofstân Tiid Datum Plak 50m frije slach 25,49 12 juni 2009 Eindhoven 100m frije slach 55,26 14 juni 2009 Eindhoven 200m frije slach 2.03,20 14 juny 2009 Eindhoven

Keppeling om utens Webstee fan Ilse Kraaijeveld.

Kategory:Frysk swimmer Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1990