thumb|left|250px|Nij-Kaledoanje Nij-Kaledoanje (Frânsk: Nouvelle-Calédonie) is in Frânsk oerseesk gebietsdiel mei in bysûndere status. It oerseesk gebiet bestiet út in kloft eilannen dy't meiïnoar in oerflak hawwe fan 18.576 km2. It grutste eilân wurdt ek Nij-Kaledoanje neamd. Oare wichtige eilannen binne Maré, Lifou en Ouvéa, dy't de Loyaliteitseilannen foarmje.

De eilannekloft leit yn de Grutte Oseaan beëasten Austraajië, besuden Fanûatû, bewesten Fidzjy en benoarden Nij-Seelân.

It tal ynwenners bedraacht 256.000 (2012). De befolking bestiet benammen út Melaneezjers en Jeropeanen. Der binne 25 fleanfjilden yn it gebiet. Aircalin en Air Calédonie binne de twa loftfeartmaatschappijen.

Klimaat Nij-Kaledoanje hat in tropysk klimaat, wêrtroch it der it hiele jaar waarm is mei in hege fochtichheidsgraad.

Kategory:Oerseesk gebietsdiel fan Frankryk Kategory:Ofhinklik gebiet yn Oseaanje Kategory:Spesjaal territoarium fan de Jeropeeske Uny Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan Kategory:Melaneezje Kategory:Histoaryske Frânske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1999