thumb|Julianakanaal by Noard Gulyck

In ryksfarwei is yn Nederlân in kanaal of rivier dy't oanlein en ûnderhâlden, as allinne ûnderhâlden, wurdt troch Rykswettersteat fanwege de ryksoerheid. Ek de sluzen yn dy farwegen wurde eksploitearre en ûnderholden troch Rykswettersteat.

Net alle haadfarwegen binne Ryksfarwegen, de kanalen yn Grinslân en Fryslân (it Iemskanaal, Prinses Margrietkanaal en Van Starkenborghkanaal) en de Gouwe yn Súd-Hollân hat de provinsje it bewâld oer, it Hartelkanaal is yn behear by de gemeente Rotterdam en it Binnen-IJ by de gemeente Amsterdam.

In stikmannich ryksfarwegen Amsterdam-Rynkanaal Boppe-Ryn en Waal Julianakanaal Kanaal Gint-Terneuzen (oant de grins mei Belgje) Maas Maas-Waalkanaal Nederryn en Lek Nieuwe Waterweg Noardseekanaal Twintekanalen Súd-Willemsfeart

Keppelings om utens Oersjoch ryksfarwegen - Rykswettersteat Temaside wetter - Rykswettersteat

Kategory:Kanaal Kategory:Oerflaktewetter