thumb|right|200px|Portet fan Pachymeres út syn 'Bysantynske skiednis' Georgios Pachymeres (Nisea, 1242 - Konstantinopel, 1310) (Gryksk: Γεώργιος Παχυμέρης) wie in Byzantynske gelearde, dichter en skriuwer.
Libben Nei de fal fan Konstantinopel 1204 flechte Pachymeres syn heit nei Nisea yn Bitynje (Turkije), dêr't syn soan grutbrocht wurde soe. Georgius Pachymeres ferfear yn 1261 nei Konstantinopel en waard dêr wijd ta pryster en studearre dêr ek Rjocht. Hy wie dosint oan de hegeskoalle fan de Hagia Sofia. Hoewol't Pachymeres tsjin it byelkoar gean fan de Katolike- en de Ortodokske Tsjerke wie, bleau er frijwat neutraal yn syn geskriften, dy't it dispút tusken Michael VIII en Andronikos II behannelen. Dat wurk dat er Rhomaike historia neamde, waard syn wichtigste wurk
Ek fan belang wie syn kompindium fan 13 boeken (Syngraphikai historiai), dy't allegear de Byzantynske skiednis behannelen en dy't as fuortsetting fan Georgios Akropolites syn wurk beskôge wurden kin.
Pachymeres wie ek dwaande mei oare wittenskiplike disiplines: sa garre er in samling geskriften fan Aristoteles en publisearre er hânboeken oer astronomy, wiskunde en muzyk.
Keppeling om utens lemma yn de ''Classic Encyclopedia Opera Omnia by Migne Patristica Graeca mei analityske yndeksen G. Pachymeres, Hierocles en Philagrios, Declamationes XIII, Philogelos. G. Pachymeris, De Michaele et Andronico Paleologis, Bonn, 1835., Grykske en Latynske tekst.
Kategory:Byzantynsk mûnts Kategory:Byzantynsk skiedkundige Kategory:Byzantynsk filosoof Kategory:Byzantynsk teolooch Kategory:Byzantynsk publisist Kategory:Byzantynsk dichter Kategory:Midsiuwsk skriuwer Kategory:Byzantynsk rjochter Kategory:Persoan berne yn 1242 Kategory:Persoan stoarn yn 1310