right|thumb|Live-optreden yn 2008. thumb|250px|Bassekou Kouyate (links) en Ngoni Ba op it FMM Festival das Musicas do Mundo 2008 Bassekou Kouyaté (Garana, 1966) is in muzikant út Maly dy’t ferneamd waard as firtuoas Ngoni-bespiler en modernisearrer fan de muzyk fan de West-Afrikaanske Griots. Ngoni ba is de namme fan syn band.

Libben Hy waard berne yn Garana, yn Barouéli Cercle, 60 kilometer fan Ségou.Frank Bessem's Musiques d'Afrique: Bassekou Kouyate Doe't er tolve jier wie sette er útein mei it bespyljen fan de Ngoni. Ein jierren 80 ferhuze er nei de haadstêd Bamako.Fly Global Music, Marc 10, 2007: Bassekou Kouyaté - Blue Like a River to a Desert

Kouyaté syn album Segu BlueDacks, David’|title=Ngoni Hero Bassekou Kouyaté |work=Exclaim!. Maart 2010 waard 2007 ynternasjonaal útbrocht troch ‘’Out Here Records’’ . It album waard produsearre troch Lucy Duran. Teffens hat er meidien op in tal platen fan Toumani Diabaté en yn ferskate Europeeske lannen konserten jûn.

Kouyaté syn frou, Ami Sacko, is ek muzikant en spilet yn syn band. Syn heit Mustapha Kouyaté bespile de ngoni en mem Yagaré Damba wie in praise-sjongster.

Yn 2013 ferskynde Kouyate, mei Amy Sacko and Ngoni ba, op The Proms.

Diskografy Toumani Diabaté: Songhai (Nuevos Medios, 1989) Toumani Diabaté: Djelika (Hannibal, 1995) Ali Farka Touré: Savane (World Circuit, 2006) Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: Segu Blue (2007) Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: I speak Fula (2009) Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Jama ko (Out Here Records, 2013) Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Ba Power (Glitterbeat, 2015) Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Miri (Outhere Records, 2019)

Filmografy 2008: Throw Down Your Heart, fan Sascha Paladino: as himsels 2013: The Africa Express, fan Renaud Barret en Florent de La Tullaye: as himsels 2016: Easy Man, fan Jasper Cremers en Dennis de Groot: as himsels 2016: Mali Blues, fan Lutz Gregor: as himsels

Prizen 2008 - BBC3 Awards for World Music - Album fan it Jier & Afrikaansk Artyst fan it Jier.BBC3 Awards for World Music winners 2008 2007: Tamani foar de beste fideoklip 2010: Kora Award yn de kategory 'Bêste tradisjonele keunstner'

Keppelings om utens Out Here Records Bassekou Kouyaté op Facebook

Kategory:Malineesk muzikant Kategory:Persoan fan Bambara-komôf Kategory:Persoan berne yn 1966