thumb|right|12e iuwske Sheela na Gig yn Kilpeck, Herefordshire, Ingelân. thumb|right|Sheela na gig yn de stedsmuorre fan Fethard, Ierlân thumb|Sheela na Gig yn Nidarosdomen Sheela na gigs (of sheela-na-gigs) binne skulptueren fan neakene froulju dy't pontifikaal harren fulva sjen litte. Sy komme foar op tsjerken, kastielen en ek wolris oare gebouwen, benammen yn Ierlân en Grut Brittanje. Somtiids binne der ek manljusfigueren by ôfbyld. Ien fan de moaist bewarre eksimplaren is te sjen yn de Round Tower yn Rattoo, greefskip Kerry, yn Ierlân. It County Museum yn Tralee hat der in replika fan. In oar ferneamd en geef foarbyld is te finen yn Kilpeck yn Herefordshire.
Ierlân hat it grutste tal bekende sheela na gig-skulptueren, McMahon en Roberts neame 101 foarbylden yn Ierlân en nochris 45 yn Brittanje.McMahon, J. & Roberts, J. The Sheela-na-Gigs of Ireland and Britain: The Divine Hag of the Christian Celts – An Illustrated Guide Mercier Press Ltd. (2000) ISBN 978-1-85635-294-9 Der wurdt tocht dat sokke skulptueren tsjin dea en kwea beskermje moasten.Andersen, Jorgen The Witch on the Wall (1977) Rosenkilde & Bagger ISBN 978-87-423-0182-1Weir, Anthony & Jerman, James Images of Lust: Sexual Carvings on Medieval Churches, London: B. T. Batsford Ltd, 1986 Oare soksoarte groteske ôfbylden wurde faak sjoen oan tsjerken yn hiel Europa (bygelyks oan wetterspuiers) en yn it generaal wurdt sein dat sy kweade geasten keare moasten. Sy binne faak oanbrocht boppe doarren en finsters, wierskynlik om dy iepeningen te beskermjen.
Literatuer Jack Roberts, J. Mcmahon: The Sheela-Na-Gigs of Ireland and Britain. Mei listen fan plakken en tekeningen fan Sheela-na-Gigs yn Ierlân en Grut-Brittanje. Anthony Weir, James Jerman: Images of Lust: Sexual Carvings on Medieval Churches. Ronald Hutton: The Pagan Religions of the Ancient British Isles. Eamonn P. Kelly: Sheela-Na-Gigs: Origins and Functions. Jørgen Andersen: The Witch on the Wall: Medieval Erotic Sculpture in the British Isles. Maureen Concannon: The Sacred Whore, Sheela Goddess of the Celts.
Keppelings om utens www.iol.ie SheelaNaGig.org – Oersjoch fan Sheela-na-Gigs yn Grut-Brittanje Ireland’s Sheela Na Gigs – Wiidweidich oersjoch fan Ierske Sheela-na-Gigs
Kategory:Boukundich ûnderdiel Kategory:Britske arsjitektuer Kategory:Skiednis fan Ierlân