thumb|right|Adriaan Roland Holst (1904)
Adriaan Roland Holst (Amsterdam, 23 maaie 1888 - Bergen, 5 augustus 1976) wie in Nederlânsk dichter. Syn grutte oeuvre hat as skaaimerk de eigen, plechtige styl en in protte symbolyk.
Biografy Adriaan Roland Holst groeide op in It Goai. Hy gie nei de 'Hilversumse HBS' (de skoalle is no nei him ferneamd: A. Roland Holst College) en studearre fan 1908 oant 1911 Keltyske letteren oan de Universiteit fan Oxford. Al mei tweintich jier slagge it him om gedichten opnaam te krijen yn it literêre tydskrift De XXste Eeuw. 1911 ferskynde syn debút, de bondel Verzen. Yn de neifolgjende bondels, De belijdenis van de stilte en Voorbij de wegen, is syn eigen stim al folwoeksen wurden. De steatlike ferzen tsjûgje fan in romantysk langstme, fan mytology en fan ferheven iensumens. Deirdre en de zonen van Usnach (1920), dat yn de bibliofile rige Palladium ferskynde, is in poëtysk ferhaal dat yn in Keltyske wrâld spilet. It wurdt noch altyd lêzen.
Yn 1918 sette Roland Holst him yn Bergen nei wenjen. It hûs dêr't er wenne wurdt distiid om beurten bewenne troch ferkillende skriuwers en dichters. Hy hie tal fan literêre freonen, sa as Menno ter Braak, J.C. Bloem, E. du Perron, J. Slauerhoff, M. Vasalis en Victor van Vriesland.
Bibliografy 1911 - Verzen 1913 - De belijdenis van de stilte 1920 - Deirdre en de zonen van Usnach 1920 - Voorbij de wegen 1925 - De afspraak 1925 - De wilde kim 1926 - Ex tenebris mundi: gedichten 1926 - Over den dichter Leopold 1928 - Het Elysisch verlangen (folge troch De zeetocht van Ban) 1928 - Shelley, een afscheid 1932 - Tusschen vuur en maan 1936 - De pooltocht der verbeelding 1936 - Voorteekens 1937 - Een winter aan zee 1938 - Uit zelfbehoud 1940 - In memoriam Charles Edgar du Perron en Menno ter Braak 1940 - Onderweg 1943 - Voor West-Europa 1945 - Een winterdageraad 1945 - Eigen achtergronden 1946 - In memoriam Herman Gorter 1946 - Sirenische kunst 1947 - De twee planeten 1947 - Tegen de wereld 1948 - In ballingschap 1948 - Van erts tot arend 1950 - Swordplay wordplay 1951 - De dood van Cuchulainn van Murhevna 1951 - Woest en moe 1957 - Bezielde dorpen 1958 - In gevaar 1960 - Omtrent de grens 1962 - Onder koude wolken 1963 - Onderhuids 1966 - Aan prinses Beatrix 1967 - Kort 1967 - Uitersten 1968 - Vuur in sneeuw 1970 - Met losse teugel 1971 - Verzamelde gedichten 1975 - In den verleden tijd 1976 - Voorlopig
Prizen 1927 - Priis fan Amsterdam foar De wilde kim 1938 - D.A. Thiemepriis foar Een winter aan zee 1945 - Fersetspriis foar letterkundigen foar Helena's inkeer 1948 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre 1955 - P.C. Hooft-priis foar Late telgen 1959 - Priis fan de Nederlânske Letteren foar syn hiele oeuvre 1961 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Omtrent de grens 1964 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Onderhuids
Biografy : A. Roland Holst, biografy; De Prom, Baarn, 2000
Keppelings om utens De Adriaan Roland Holst Home Page A. Roland Holst yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1976