thumb|Priisútrkiking 1964. F.l.n.r. Pieter 't Hoen, Anne Berendsen, Leo Vroman, R.P. Cleveringa en Jan Smallenbroek De Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 is in Nederlânske stifting dy't yn 't earstoan as doel hie it útloven fan twa prizen: ienfoar de letterkunde en ien foar de byldzjende keunst. Sy woe dêrmei de oprjochter fan it keunstnersferset, byldhouwer Gerrit van der Veen, en ek de oare keunstners en wittenskippers dy't sneuvele wienen, earje sa it heart.

De Stifting Keunstnersferset 1942-1945 is op 18 jannewaris 1946 oprjochte troch Jacques Bot, Leo Braat, L.J.A. van Dijk, Henriëtte van Eijk, H.S. van Hall, R.F. van Heusden en Koos Schregardus. De oprjochtingsakte fan de stifting jout ûnder oaren de neifolgjende nammen fan fallen keunstners en wittenskippers: Willem Arondeus, Johan Brouwer en Johan Limpers.

Monumint thumb|100|Gerrit van der Veen - Monumint foar it keunstnersferset fan Carel Kneulman (1973) Fanwege de Stifting Keunstnersferset 1942-1945 makke Carel Kneulman in monumint ta oantins fan it keunstnersferset. It monumint út 1973, dat de namme: Gerrit van der Veen - Monument voor het kunstenaarsverzet krige, stiet oan de Plantage Middenlaan yn Amsterdam.Monument Gerrit van der Veen - Monument voor het kunstenaarsverzetBuiten Beeld In Beeld over het monument

Priis fan de Stichting Keunstnersferset Tusken 1949 en 1964 joech de Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 de Priis fan de Stichting Keunstnersferset foar de literatuer, byldzjende keunst en muzyk oan:Laureaten 1949 - Aad de Haas en Maurits Dekker 1950 - Titus Leeser en N.A. Donkersloot 1951 - W.J.H.B. Sandberg en Victor E. van Vriesland 1952 - Charley Toorop en Maurits Uyldert 1953 - Ap Sok en Rein Blijstra 1954 - Gerrit Benner en Henriëtte van Eyk 1955 - Mari Andriessen en Gerard Diels 1956 - V.P.F. Esser en Han G. Hoekstra 1957 - H.M. van der Spoel en W.F. Hermans 1958 - Wim Oepts, Maurits Mok en Hendrik Andriessen 1959 - Hildo Krop en Belcampo 1960 - V.H. Elenbaas en Alfred Kossmann 1961 - Hella S. Haasse en Melle 1962 - Sonja Landweer en Frank Letterie 1963 - Hans Henkemans 1964 - Anne Berendsen en Leo Vroman

Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset Fan de betinking 40 jier befrijing yn 1987 ôf, oant 1997 joech de stichting fannijs in priis. Doe gie it om de Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset: 1987 - Theun de VriesVerzetsprijs 1987 1989 - Jan KassiesVerzetsprijs 1989 1991 - Constant Nieuwenhuys en Andreas Burnier 1993 - Claude LanzmannVerzetsprijs 1993 1995 - Ed van Thijn (Vijftig Jaar Bevrijding) 1997 - Dubravka Ugrešić

Keppeling om utens Stichting Keunstnersferset 1942-1945

Kategory:Nederlânske stifting Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1946