Tony van der Meulen (De Jouwer, 1946) is in sjoernalist en auteur.
Nei it Gymnasium Alfa yn Snits en de stúdzje Doctoraal Nederlandse Taal- en Letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (1971) gie Van der Meulen de sjoernalistyk yn. Fan 1971 – 1979 waard er reportaazjeredakteur fan it Nieuwsblad van het Noorden / GPD. Dêrnei wie er fan 1979 oant 1983 sjef opiny by it Utrechts Nieuwsblad. By dizze krante waard er yn 1983 adjunkt-haadredakteur. Yn 1986 – 1990 wie er haadredakteur opinywykblêd De Tijd. Yn 1990 folge de oerstap nei Brabants Dagblad, dêr't er (skriuwend) haadredakteur waard.
Sûnt 2008 is hy freelance sjoernalist, kollumnist, auteur en debatlieder.
Bibliografy Het Patent – een familiegeschiedenis - 2011 Het leed dat winkelen heet. Van Anders nog iets?, oer de teloargong fan de tradisjonele middenstân - 2009 Fries in Brabant, Over vreugde en verdriet, woede en verbazing in het dagelijks leven - 2008 De zaadvergadering - 2006 De verzwegen moeder - 2005 De Verzwegen Moeder - 2005 Dansen op de Kwai, Het leven na de Birma-spoorweg - 2003 Anders nog iets? - oer syn jeugd op De Jouwer (Utjouwerij L.J. Veen, Amsterdam 2001) Het Uur Van De Muskieten, Een journalistieke zoektocht door Uganda - 1998 Dichtbij, regionale kranten in Nederland - 1997 Oude kerken in Groningen - 1979 Oare funksjes siktaris fan it Nederlânsk Genoatskip fan Haadredakteuren foarsitter fan it Kolleezje fan Haadredakteuren VNU foarsitter fan it Kolleezje fan Haadredakteuren Wegener Foarsitter stichting ‘lokaalmondiaal’, spesjalisearre yn tredde-wrâld-sjoernalistyk Lid redaksje fan De Avondeditie yn de Verkadefabriek yn Den Bosch Bestjoerslid NVJ
Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1946