Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 7 augustus 1845 – De Haach, 24 july 1918) wie in hoftsjinner en lange tiid direkteur fan it Kabinet fan de Keninginne.
Jonkhear P.J. Vegelin van Claerbergen waard berne as soan fan it Twadde-Keamerlid jonkhear P.B.J. Vegelin van Claerbergen (1808-1879) en dy syn earste frou, jonkfrou A. van Beyma (1815-1851). Hy bleau frijfeint.
Hy wie yn de jierren 1867-1870 luitenant-op-see twadde klasse. Yn 1875 waard hy beneamd ta partikulier sekretaris fan kening Willem III wat hy bleau oant 1879. Dêrnei kaam er yn tsjinst fan it 'Kabinet des Konings', dêr't hy yn 1899 direkteur waard; hy bleau dy funkssje hâlden oant 1910. Yn dat lêste jier waard hy beneamd as lid fan de Ried fan Steat yn bûtengewoane tsjinst en bleau dat oant syn ferstjerren. Yn 1875 waard hy beneamd as keamerhear yn bysûndere tsjinst wat er ek oant syn ferstjerren bleau.Ynformaasje ûntliend oan: biografy PDC.
Underskiedings Offisier yn de Oarder fan de Ikekroan (1878) Ridder fjirde klasse yn de Oarder fan de Gouden Liuw fan Nassau (1880) Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1890) Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1902)
Sjoch ek Oer it laach Vegelin fan Claerbergen
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Fryske adel Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Lid fan de Ried fan Steat Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Petrus Johannes Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1918