thumb|Richard Hageman Richard Hageman (Ljouwert, 9 july 1881 - Beverly Hills, 6 maart 1966) wie in Nederlânske, letter Amerikaanske konsertpianist, dirigint en filmmuzykkomponist.

Biografy Hageman waard grutbrocht yn Ljouwert. Hy wie in soan fan Maurits Hageman fan Sutfen en Hester Westerhoven fan Amsterdam. Hy wie in wûnderbern dy't al mei seis jier konserten joech. Hy studearre yn Amsterdam en joech pianoles. As jongfeint begelate er sjongers en spile er by it Keninklik Operaselskip fan Amsterdam, dêr't er 1899 dirigint fan waard. In skoft hat er noch pianist fan Mathilde Marchesi yn Parys west.Miller and Meckna, Grove Music Online Hy reizge 1906 nei de Feriene Steaten om Yvette Guilbert te beselskipjen op har nasjonale toernee. Hy bleau dêr en waard úteinlik Amerikaansk boarger.

Hageman wie dirigint fan de Metropolitan Opera tusken 1914 en 1932, haad fan de ôfdieling opera oan it Curtis Ynstitút fan 1932 oant 1936 en sân jier regisseur muzyk by Chicago Civic Opera en de Ravinia Park Opera. Fierders wie er gastdirigint by orkesten sa as it Chicago Symphony Orchestra, Philadelphia Symphony Orchestra en Los Angeles Philharmonic. Fjouwer jier lang dirigearre er it Philadelphia Orchestra by har simmerkonserten en fan 1938 ôf dirigearre hy seis seizoenen de Hollywood Bowl-simmer konserten. Hageman is ferneamd yn de filmwrâld as akteur en komponist fan filmmuzyk, benammen fan syn wurk oan ferskate films fan John Ford út de letter jierren '30. Hy krige in dielde Academy Award foar syn bydrage oan Ford syn western Stagecoach út 1939. Fierders spile hy lytse rollen yn alve films, bygelyks de rol fan operadirigint yn The Great Caruso. Hy waard lid fan ASCAP yn 1950.

Hageman komponearre ek earnstiger sjongmuzyk. De opera Caponsacchi, dy't foar it earst útfierd waard yn Freiburg yn 1932 ûnder de titel Tragödie in Arezzo, waard yn 1937 op de planken brocht troch de Metropolitan OperaMiller and Meckna, Grove Music Online mei Lawrence Tibbett yn de titelrol.Wlaschin, s. 155 Syn 'konsertdrama' The Crucible waard útfierd yn Los Angeles yn 1943.Miller, New Grove Opera Syn grutte komposysjes wurden hjoeddedei net folle mear spile, mar in stikmannich fan syn lieten binne ferneamd en wurde tige wurdearre, fral "Do Not Go, My Love", in op muzyk set gedicht fan Rabindranath Tagore.

Hageman wie Nasjonaal Patroan fan Delta Omicron, in ynternasjonaal bruorskip fan beropsmuzikanten.Delta Omicron

Neitins Yn 2014 waard it Richard Hageman Akwadukt iepene en yn 2016 waard in plakette oanbroch op syn bertehûs Sint Jacobsstraat 35 yn Ljouwert.Leeuwarder Courant 7 maart 2016 Yn 2021 ferskynde in biografy fan de komponist, Richard Hageman. From Holland to Hollywood.

Grutte muzykstikken en keamermuzyk Toanielmuzyk: Caponsacchi (Op. 3, R. Browning), 1931 I Hear America Call (oratoarium, R.V. Grossman), Bar, SATB, orch, 1942 The Crucible (oratoarium, B.C. Kennedy), 1943 Orkest: Oevertuere In a Nutshell; suite, str Keamermuzyk: October Musings, fioele en piano, G. Schirmer, 1937 Recit and Romance, fioelkonsert, pf, 1961

Filmmuzyk allegear regisearre troch John Ford: Stagecoach, 1939 The Long Voyage Home, 1940 Fort Apache, 1948 3 Godfathers, 1948 She Wore a Yellow Ribbon, 1949 Wagon Master, 1950

Lieten Hageman hat tsientallen lieten komponearre.

Biografy , Richard Hageman. From Holland to Hollywood. Utjouwerij Peter Lang Publishing, 2021.

Keppeling om utens Hageman yn de IMDb

Kategory:Frysk dirigint Kategory:Frysk komponist Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk pianist Kategory:Nederlânsk dirigint Kategory:Nederlânsk komponist Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk pianist Kategory:Amerikaansk dirigint Kategory:Amerikaansk komponist Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk pianist Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1966