Zeppelin R.VI Staaken 275px Rol Bommesmiter Makker Zeppelin Werke Staaken GmbH Untwerper Ferdinand von Zeppelin & Robert Bosch GmbH Earste flecht 11 april 1915 Yn tsjinst 1917 Tal makke 18 (1915–1919) Brûkers Dútslân (Luftstreitkräfte) Farianten Zeppelin-Staaken R.V, Zeppelin-Staaken R.VI, Zeppelin-Staaken R.VII, Zeppelin-Staaken R.XIV, Zeppelin-Staaken R.XV, Zeppelin-Staaken R.XVI, Zeppelin Riesenflugzeuge thumb|275px|By de start thumb|275px|Ofmjittingen De Staaken R.VI wie in swiere bommesmiter (Riesenflugzeug) dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Dútslân ûntwurpen en boud waard. De troch yngenieur Alexander Baumann ûntwurpen fleanmasine wie in iere strategyske bommesmiter.

It tastel wie in dûbeldekker mei in tichte cockpit en mei fjouwer Mercedes-motoren fan 260 hk it stik. Der waarden totaal 18 fan boud yn seis farianten; njoggen by Zeppelin yn Berlyn, yn it fabryk op fleanfjild Staaken, seis by Aviatik en trije by Albatros.

Twa bommesmiters waarden delhelle troch Britske jachtfleanmasines. De oaren gienen ferlern by ûngemakken.

De Staaken waarden mei de Gotha G. IV by oanfallen op Londen brûkt en hiene fral in psychologysk effekt; de ekonomyske skea dy't sy tabrochten, by 52 oanfallen mei in totaal fan 196 ton bommenEnzo Angelucci en Paolo Matrcardi, Praktisch handboek vliegtuigen. Deel 1 - van 1783 tot 1918. (1975) Utjouwerij Hemond, bleau frijwat beheind.

Technyske feiten Fabrikant: Zeppelin Flugzeugwerke GmbH Type: swiere bommesmiter Yn tsjinst: 1917 Oandriuwing: 4 floeistofkuolle Mercedes-D-IVa-seissilinder-linemotoren fan 260 hk it stik yn twa 'gondels'; propellers mei in diameter fan 4,26 m Brânstofkapasiteit: 3000 l. Spanwiidte: 42,2 m Lingte: 22,1 m Hichte: 6,3 m Fleugeloerflak: 332 m² Startgewicht: 11.824 kg Topfaasje: 135 km/h Klimfaasje: 1,67 m/s (yn 2 oere 26 min nei 4320 m) Tsjinstplafond: 4300 m Fleantiid: 7–10 oeren Fleanberik: 800 km Bewapening: 4–7 7.92 mm masinegewearen en 2000 kg bommen Bemanning: 7

Keppelings om utens Zeppelin-Staaken R.VI, ei wiidweidige technyske feiten Zeppelin-Staaken R.VI en Gotha G.IV Historische Filmaufnahme

Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1915

zh:齊柏林-斯塔肯R-VI轟炸機