thumb|Earehôf Hylpen It Earehôf Hylpen leit op it tsjerkhôf fan de Grutte Tsjerke yn de Tsjerkestrjitte yn Hylpen. Der steane alve stienen, fiif dêrfan binne oant no ûnbekend bleaune loftmachtmilitêren. Op de stiennen steane de nammen:
Namme Funksje Underdiel Sq Stoarn AldensWilbur Henry ChapmanSersjantRoyal Australian Air Force514e Squadron22-01-194426Roy Oswald FultonBoardwurktúchkundigeRoyal Canadian Air Force83e (RAF) Squadron05-03-1943John Lewis OrganBoardskutterRoyal Air Force83e Squadron05-03-194323Bernard William PalastangaWaarnimmerRoyal Air Force Volunteer Reserve408e (RCAF) Squadron07-11-194121Alfred Bakes SpringettRadio-telegrafistRoyal Air Force Volunteer Reserve51e Squadron22-11-194323Gordon Robert SugarRadio-telegrafist/boardskutterRoyal Air Force83e Squadron13-06-194322Net wittenLoftmachtoffisierRoyal Canadian Air Force29-11-1943Net wittenLoftmachtmilitêrRoyal Canadian Air ForceNet wittenLoftmachtmilitêrRoyal Air Force26-07-1944Net wittenLoftmachtsersjantRoyal Air Force01-12-1941Net wittenLoftmachtmilitêrRoyal Air Force31-08-1943 Skiednis Yn de nacht fan 6 op 7 novimber 1941 fierde it 408e Kanadeeske Squadron mei Hampden bommesmiters in missy út rjochting Dútslân. Op de weromreis by de Nederlânske kust waard de Hampden nr. AD 972 oanfallen troch in Dútske nachtjager. Troch in skroefdûkflecht te meitsjen wisten se de fijân fan har ôf te skodzjen. Doe't de piloat dêrnei in bemannings-check hold, joech de waarnimmer-sersjant Palastanga gjin antwurd. By kontrôle blykte syn ûntsnappingslûk iepen te stean en syn parasjute út it rak ferdwûn. Sersjant Palastanga waard as fermist opjûn. Earst nei de kriich die bliken út in rapport fan it Reade Krús dat het stoflik omskot op 12 april 1942 oanspield wie oan de Fryske kust by Hylpen. Hy wie begroeven op it tsjerkhôf fan Hylpen. De Hampden kaam feilich werom op de thúsbasis it Syerston fleanfjild.
Op 22 novimber 1943 stoarte in Halifax, de LW 286 fan it 51e squadron, troch noch ûnbekende oarsaak yn de Iselmar tusken Urk en Hylpen. It tastel wie op missy nei Berlyn. Alle 7 bemanningsleden kamen by de crash om, dêrfan binne der fjouwer oant hjoed de dei fermist. Sersjant A.B. Springett leit begroeven op dit earehôf Hylpen. De oare bemanningsleden:
F.H. MoynihanNavigatorRoyal Air Force Volunteer Reserve 23Earehôf De LemmerE.H.G. DyerBoardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve19Earehôf Ald-LeusdenJ.E. WhiteheadBoardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve20FermistH.F. FarleyPiloatRoyal Air Force Volunteer Reserve30FermistS.H. GodfreyBoardwurktúchkundigeRoyal Air Force Volunteer Reserve21fermistH.O. HetterleyBommerjochterRoyal Air Force Volunteer Reserve21fermist
De nammen fan de fermisten steane oanjûn op it Runnymede memorial.
Op 22 jannewaris 1944 stoarte in Lancaster, de DS 824 fan it 514e Squadron yn it noardlik diel fan de Iselmar. De sân bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Trije dêrfan wurde noch altiten fermist. Sersjant Chapman leit begroeven op dit earehôf. De oare bemanningsleden: J.K. WilliamsPiloatRoyal Air Force Volunteer ReserveEarehôf StarumJ.R. KeenenBoardwurktúchkundigeRoyal Air Force Volunteer ReserveMistL.N. MillisNavigatorRoyal Air Force Volunteer Reserve22Earehôf MakkumD.F. HenshawLoftmachtoffisierRoyal Air Force Volunteer Reserve27FermistA.PrattSersjantRoyal Air Force Volunteer ReserveFermistE.A. LaneBoardskutterRoyal Air Force Volunteer ReserveEarehôf Makkum
De nammen fan de fermisten steane neamd op it Runnymede memorial.
Kategory:Begraafplak yn Súdwest-Fryslân Kategory:Hylpen Kategory:Monumint yn Nijefurd Kategory:Monumint yn Súdwest-Fryslân Hilpen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1941