Annet (Antje) van der Hoek (Drachten, 25 july 1952) is in eks-politika.
Karriêre Yn de iere jierren 70 waard hja direksjesekretaresse by in wetterliedingbedriuw. Yn 1980 stapte se oer nei it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer dêr't se ynearsten personielsfunksjonaris wie en letter ek oare funksjes hie. Fan mids 1982 ôf oan wie se 13 jier lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Fan 1998 - 2002 wie Van der Hoek lid fan de Twadde Keamer foar de PfdA. Yn 2009 wie hja waarnimmend boargemaster fan de gemeente Ten Boer.
Sûnt maaie 2019 sit se yn it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân.
Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1952