thumb|250px|Begraafplak Starum It Earehôf Starum is part fan it algemien begraafplak fan Starum. It leit njonken de Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan de Foarstrjitte.
Dêr stean 7 grêfstiennen, 5 stiennen hawwe de neifolgjende nammen:
Namme Funksje UnderdielSq Ferstoarn AldensHarold Leonard FergusonBommerjochterRoyal Canadian Air Force298 (RAF) Sq15-10-194423John Campbell LutonRadio-telegrafist/boardskutterRoyal Australian Air Force207 sq05-09-194220William Norman PartridgeRadio-telegrafist/boardskutterRoyal Canadian Air Force166 (RAF) Sq14-05-194322Eric Arthur TilburyPiloatRoyal Air Force83 Sq13-06-194325John Kenneth WilliamsPiloatRoyal Air Force514 Sq22-01-1944
Skiednis Op 05 septimber 1942 stoarte in Lancaster bommesmiter, de R5755 fan it 207e skwadron, beëasten Medemblik yn de Iselmar. Der wurdt fermoede dat it fleantúch delsketten waardoch in Dútske jager. Alle 7 bemanningsleden kamen dêrby om; radio-telegrafist J.C. Luton leit op dit earehôf, de oare bemanningsleden binne:
R.G. Rowlands PiloatRoyal Australian Air Force25Earehôf SkarlA.B. Hastings PiloatRoyal Air Force rserve frijwillger24Earehôf De LemmerJ.W. AtkinsonBoardskutterRoyal Air Force reserve frijwilliger31Earehôf BergenF.J.C. BarnesWaarnimmerRoyal Air Force23Earehôf BergenG. FleckBoardwurktúchkundigeRoyal Air Force25FermistC.V. PattisonBoardskutterRoyal Air ForceVolunteer ReserveFermist De fermisten wurde betocht op it Runnymede Memorial,
Op 22 jannewaris 1944 stoarte in Lancaster, de DS 824 van het 514e Squadron del yn it noardlik part fan it Iselmar. De sân bemanningsleden kamen dêrby om. Trije dêrfan binne oant hjoed-de-dei fermist. De piloat J.K. Williams leit begroeven op dit earehôf. Sersjant W.H. Chapman leit begroeven op earehôf Hylpen. De boardskutter E.A. Lane en navigator L.N. Millis lizze op earehof Makkum Sersjanten J.R. Keenen en A. Pratt, en ek de loftmachtoffisier D.F. Henshaw binne oant no ta fermist.
Op 15 oktober 1944 makke in Halifax V, de LL293 fan it 298 Skwadron, in needlanning op de Iselmar besuden Starum. De bemanning koe út it fleantúch komme, mar doe't se besochten om mei de dinghy de Fryskse kust te berikken rekke de bemanning yn it tsjuster it kontakt mei Ferguson kwyt. Ferguson hie problemen mei syn rêdingsfest en koe net swimme. Ferguson syn lichem waard oaremoarns fûn, hy wie ferdronken en kaam te hôf yn Starum. It oarepart fan de bemanning koe de kust berikke en dûkt mei help fan it ferset ûnder yn de omkriten fan De Gaastmar en helle sa de ein fan de oarloch.
It 298 Squadron wie belêste mei spesjale opdrachten yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy nacht waarden 11 Halifaxen útstjoerd om guod te droppen foar de Binnenlânske Striidkrêften yn Nederlân. Ien Halifax, de LL293, kaam net werom.
Starum Kategory:Begraafplak yn Súdwest-Fryslân Kategory:Starum Kategory:Monumint yn Nijefurd Kategory:Monumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942