thumb|Earehof Ypekolsgea It Earehôf Ypekolsgea leit op it algemiene begraafplak fan it buorskip Ypekolsgea by Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Ypecolsga yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It algemiene begraafplak leit oan de wei fan Snits nei De Lemmer. It earehôf bestiet út 10 stienen mei de nammen:
Namme Funksje UnderdielSq Ferstoarn AldensEdward CroalSturtskutterR.A.A.F.44 Sq17-12-194227Walter Edwin DaveyPiloatR.A.F.149 Sq05-05-194321Edward Henry FinchLoftmachtsersjantR.A.A.F.05-05-194323George John Charles HallBoardskutterR.A.F.149 Sq05-05-1943Donald Richard HiggsRadio-telegrafist/boardskutterR.A.F.149 Sq05-05-194320Charles Willis Eric LeachBoardwurktúchkundigeR.A.F.149 Sq05-05-1943James Joseph O'NiellRadio-operator/boardskutterR.A.F.149 Sq05-05-194331Thomas Cuthberth TimneyNavigator/bommerjochterR.A.F.149 Sq05-05-194328Richard Frederick WhitakerNavigator/bommerjochterR.A.F.149 Sq05-05-194335Gordon Bowden WilkinsonWaarnimmer/bommerjochterR.A.F.44 Sq17-12-1942
Op 17 desimber 1942 waard in Lancaster bommesmiter, de ED 355 fan it 44 Squadron, yn de buert fan Ypecolsga (Waterloo) troch in Dútske nachtjager delsketten. Twa bemanningsleden waarden fûn en beïerdige op it tichbylizzende begraafplak fan Ypekolsgea. De resten fan de bommesmiter waarden yn 1951 by graafwurk fûn en ek de stoflike omskotten fan de rest fan de bemanning. Dy waarden dêrnei begroeven op it begraafplak yn de Jonkerbosk yn Gelderlân.
Op 5 maaie 1943 waard in Stirling Mk I, fan it 149e squadron, oanfallen en delsketten troch in nachtjager. It fleantúch stoarte twa kilometer besuden Hommerts del yn de buorskip Lippenwâlde. Alle acht bemanningsleden kamen dêrby om en waarden te hôf brocht yn Ypekolsgea.
Kategory:Begraafplak yn Súdwest-Fryslân Ipekolsgea Kategory:Ypekolsgea Kategory:Monumint yn Wymbritseradiel Kategory:Monumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942