thumb|Sickemastate yn 1722 thumb|It poartegebou fan Sickemastate Sickemastate of Sikkemastate stie yn Hjerbeam yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Allinnich it poartegebou is stean bleaun op it steed dêr 't yn 2010 in pleats op stiet.

De State waard grif al yn de fyftjinde iuw bewenne. Oan de rykswei Frjentsjer-Hjerbeam is it oerbliuwsel fan it poartegebou fan Sikkemastate te sjen. De poarte is opboud fan roaswinkels en lytse giele stientsjes. It is in ryksmonumint.

De Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 skriuwt: State Sikkema, waarvan de poort nog in wezen is. Opdezelve woonde in 1635 Andries Waltinga en daarna Douwe Walta, oud grietman van Barradeel. Ook op dezelve is geboren de heer Jr. Sikko van Goslinga. Yn it 'Register van den Aanbrengh' wurdt sprutsen oer in Andries fan Waltinga, dy't al yn 1546 neamd wurdt. Hy is mooglik de foarfaar fan Andries Waltinga.

De grêft dy't om de state lei is noch foar in part te sjen.

Bewenners 1546 Andries fan Waltinga 1635 Andries Waltinga Douwe Walta Jonkhear Sikko fan Goslinga

Kategory:State Kategory:Hjerbeam Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Frjentsjerteradiel Kategory:Stins of state yn De Waadhoeke Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw