It Frysk Kampioenskip Fierljeppen (Nederlânsk en offisjeel: Fries Kampioenschap Fierljeppen) is in wedstryd fierljeppen om it kampioenskip fan Fryslân, dy't elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Winsum. De organisaasje is sûnt 1960 yn 'e hannen fan it Frysk Ljeppers Boun. It evenemint wurdt al sûnt jier en dei holden op 'e twadde sneon fan 'e moanne augustus. De winner fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen krijt sûnt 1963 de Sulveren Pols.

Skiednis It earste Frysk Kampioenskip Fierljeppen waard op 10 augustus 1957 organisearre troch de Fryske Ljeppers Kommisje (FLK), ûnder tafersjoch fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). De lieding wie yn hannen fan Sjoerd Span (1915-2001). It evenemint fûn plak yn Winsum, om't dêr Lânbouwurktugefabryk Miedema siet. De eigner fan dat bedriuw, Lykele Miedema, hie grutte niget oan it fierljeppen, en wie ree om it Frysk Kampioenskip te sponsorjen, mar easke yn ruil dêrfoar wol dat it yn syn doarp holden waard.

Fan 1957 oant 1985 waard it kampioenskip holden op in iendeiske akkomodaasje op De Skâns, oer de Sint-Japiksfeart. By de earste edysje kaam net ien fan 'e fierljeppers oer de feart hinne. De reden dêrfoar wie dat der yn dy tiid noch út stân ljept wurde moast, en men dus gjin oanrin nimme mocht. By de twadde edysje wiene de foarsjennings better; sa wie der doe in stalt boud, sadat de fierljeppers net mear fan 'e ôfrinnende wâl ôf hoegden te springen.

Op 31 jannewaris 1959 waard it Bûn foar Fryske Polsspringers (BVFP) oprjochte, dat begûn mei in eigen kampioenskip. Sa bestiene der alve jier lang twa Fryske kampioenskippen fierljeppen njonkeninoar: dat fan 'e FLK yn Winsum en dat fan it BVFP op De Rottefalle. Op 13 jannewaris 1960 ûntstie út in fúzje fan 'e FLK en it BVFP it nije Frysk Ljeppers Boun. Der kaam doe ien Frysk Kampioenskip, en dat waard holden yn Winsum, om't ornearre waard dat dat de âldste rjochten hie.

Yn 1959 waard der in Winsum foar it earst njonken in kampioenskip foar manlju ek in Frysk Kampioenskip Fierljeppen foar froulju en ien foar junioaren organisearre. Yn 1976 waard de kategory jonges (jonger as junioaren) tafoege, en yn 2015 de kategory famkes. Anno 2018 fynt it Frysk Kampioenskip Fierljeppen dus plak yn fiif ûnderskate kategoryen. Sûnt 1985 wurde de wedstriden holden op 'e fêste akkomodaasje op it sportfjildekompleks Oer It Dok, efter it eartiidske fierljepplak oan De Skâns. Yn 2020 fûn it Frysk Kampioenskip Fierljeppen fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy plak op sneon 5 septimber.

Frysk Kampioenen by de manlju en de froulju manlju jier winner ôfstân (m) 1957 R. Jongema10.20 1958 Lolke van der Sloot10.61 1959 Jan Wijnja11.59 1960 Jan Wijnja12.26 1961 Jan Wijnja11.60 1962 George Valkema13.20 1963 Roel Bokke Span13.40 1964 George Valkema 13.94 1965 Roel Bokke Span14.04 1966 Roel Bokke Span14.09 1967 Roel Bokke Span14.06 1968 George Valkema14.25 1969 Roel Bokke Span14.66 1970 Roel Bokke Span14.40 1971 Roel Bokke Span15.67 1972 Roel Bokke Span15.12 1973 Evert Wilstra15.56 1974 Jouke de Vries16.73 1975 Evert Wilstra16.51 1976 Evert Wilstra17.02 1977 Klaas Leistra17.17 1978 Rindert Rosier15.88 1979 Catharinus Hoekstra16.45 1980 Catharinus Hoekstra17.03 1981 Klaas Leistra17.17 1982 Catharinus Hoekstra17.55 1983 Gerard Vlieger17.48 1984 Gerard Vlieger18.25 1985 Gerard Vlieger 17.60 1986 Gerard Vlieger18.72 1987 Rimmer Abma17.62 1988 Rimmer Abma17.63 1989 Gerard Vlieger18.16 1990 Gerard Vlieger17.44 1991 Johan Oldewarris16.69 1992 Rimmer Abma17.45 1993 Wybe Valkema17.97 1994 Bjinse Wolters17.43 1995 Bjinse Wolters17.91 1996 Marcel Nijboer17.54 1997 Marcel Nijboer18.41 1998 Bjinse Wolters18.04 1999 Rimmer Abma17.67 2000 Rimmer Abma17.69 2001 Henk Schievink17.41 2002 Henk Schievink18.08 2003 Rients van der Wal18.19 2004 Henk Schievink18.17 2005 Klaas Haanstra18.03 2006 Bart Helmholt19.37 2007 Henk Schievink19.21 2008 Bart Helmholt 19.93 2009 Bart Helmholt 20.51 2010 Bart Helmholt 21.10 2011 Thewis Hobma 20.83 2012 Bart Helmholt 20.17 2013 Bart Helmholt 20.82 2014 Bart Helmholt 21.42 2015 Oane Galama 20.22 2016 Oane Galama 21.08 2017 Nard Brandsma 20.72 2018 Ysbrand Galama 19.85 2019 Nard Brandsma 21.68 2020 Rutger Piersma 20.01 2021 Nard Brandsma 21.29 2022 Oane Galama 21.43 2023 Rutger Piersma 21.02 2024 Nard Brandsma 20,00 2025 Rutger Piersma 20,86 2026 Germ Terpstra21,57 froulju jier winneresse ôfstân (m) 1959 Aukje Spijkstra8.67 1960 Hiske Penninga8.93 1961 Hiske Penninga10.39 1962 Hiske Penninga10.24 1963 Hiske Penninga10.29 1964 Janny de Vries-De Jong10.58 1965 Janny de Vries-De Jong10.56 1966 Hiske Penninga10.19 1967 Klaske Rosier10.28 1968 Hiske Penninga 9.62 1969 Hiske Penninga10.46 1970 Ada Meuleman-De Wit10.55 1971 Jikke de Vries-De Jong11.31 1972 Jikke de Vries-De Jong11.65 1973 Jikke de Vries-De Jong11.38 1974 Jikke de Vries-De Jong10.73 1975 Tineke Vlieger11.82 1976 Wil van den Berg12.23 1977 Jellie Hofstra12.26 1978 Tineke Vlieger12.99 1979 Tineke Vlieger13.27 1980 Tineke Vlieger13.86 1981 Tineke Vlieger14.18 1982 Tineke Vlieger13.80 1983 Etty Kramer-Spriensma13.98 1984 Ada Valkema13.00 1985 Jetty Bouma12.99 1986 Etty Kramer-Spriensma13.77 1987 Jettie Bouma12.89 1988 Etty Kramer-Spriensma13.51 1989 Etty Kramer-Spriensma13.37 1990 Jantina de Vreeze13.09 1991 Ada Valkema14.07 1992 Etty Kramer-Spriensma13.86 1993 Antke van der Wal13.94 1994 Margreet Kamminga13.39 1995 Antke van der Wal14.55 1996 Antke van der Wal13.93 1997 Jetty Bouma14.59 1998 Antke van der Wal14.08 1999 Antke van der Wal13.64 2000 Antke van der Wal14.37 2001 Antke van der Wal13.32 2002 Antke van der Wal14.05 2003 Antke van der Wal13.77 2004 Ineke Prins14.05 2005 Sjoukje Tjalma15.56 2006 Janneke Noordmans13.98 2007 Anna Jet Leyenaar14.81 2008 Anna Jet Leyenaar14.94 2009 Anna Jet Leyenaar15.81 2010 Hiske Galama15.28 2011 Hiske Galama15.91 2012 Hilianne van der Wal15.58 2013 Klaske Nauta14.39 2014 Marrit van der Wal 15.54 2015 Hiske Galama 15.44 2016 Marrit van der Wal 15.32 2017 Klaske Nauta 15.64 2018 Sigrid Bokma14.94 2019 Marrit van der Wal 16.63 2020 Tessa Kramer 15.15 2021 Marrit van der Wal 16.242022 Marrit van der Wal 17.822023 Femke Rispens15.562024 Sigrid Bokma16,422025 Femke Rispens16,162026 Hanneke Westert16,91

Keppelings om utens Offisjele webside fan Frysk Kampioenskip Fierljeppen

Kategory:Fierljeppen Kategory:Winsum (Fryslân) Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1957