thumb|225px|Angela Schijf as Eva van Dongen op de set fan Flikken Maastricht Angela Schijf (Uthoarn, 7 augustus 1979) is in Nederlânsk-Belgysk aktrise, foaral ferneamd fan har rol as plysje Eva van Dongen yn Flikken Maastricht.
Wurkpaad Schijf briek troch by de koartswylrige Oppassen!!! mei it personaazje Dorine, it freondintsje fan Rik. Dêrnei waard sy ferneamd as Kim Verduyn (1996-1999) yn de sjipperige Goede tijden, slechte tijden. Letter spile sy meast yn Nederlânske films, sa as Ik ook van jou en Van God los.
Sûnt 2007 spilet Schijf de haadrol fan Eva van Dongen yn de telefyzjerige Flikken Maastricht. Dêr spilet sy mei Victor Reinier yn.
Op 28 maart 2024 spile Angela Schijf 'Maria' yn The Passion.
Yn 2025 spilet Schijf de rol fan Sonja Barend yn it toanielstik Sonja.
Privee Schijf troude op 3 july 2002 mei de Belgyske akteur en sjonger Tom Van Landuyt. Tegearre hawwe sy twa dochters, berne yn 2004 en 2006. Sy ferwachtsje har' tredde bern yn 2012._Angela_stralend_zwanger__.html Angela Schijf stralend zwanger, De Telegraaf, 9 desimber 2011
Filmografy As aktrise Film Ik ook van jou (2001; rol: Reza) Van God Los (2003; rol: Anna Sprengers) De griezelbus (2005) De eetclub (2010; rol: Babette Struyk) Mega Mindy en de Snoepbaron (2011; rol Zaila) De Overloper (2012; rol: Eva van Dongen) Daglicht (2013; rol: Iris Boelens) Schone handen (2015; rol: Chantal) De Prinses op de Erwt: Een Modern Sprookje (2016 telefilm; rol: Marjon Kaspers) Storm: Letters van Vuur (2017; rol: Cecilia)
Telefyzje Oppassen!!! (TV, 1994-1996; 11 ôfleveringen, rol: Dorine) Ik ben je moeder niet (TV, 1996; 1 ôfl.) Goede tijden, slechte tijden (sjipperige, 1996-1999; rol: Kim Verduyn) 12 steden, 13 ongelukken (TV, 1997; 1 ôfl.) Babes (TV, 1999; rol: Suzanne) Baantjer (TV, 1999; 1 ôfl.) Nacht in de stad (film TV, 2000) Dok 12 (TV, 2001; 1 ôfl.) Costa! (TV, 2001; 1 ôfl.) De ordening (film TV, 2003) Meiden van De Wit (TV-rige, 2002-2005; rol: Frédérique de Wit) Lieve lust (serie TV, 2005-2006; rol: Nikki) Aspe (TV, 2006; 1 ôfl.) Flikken Maastricht, TV-rige, 2007-...; rol: Eva van Dongen) Meisje van plezier (2017 - no; rol Nadine
Stimaktrise Shrek (2001; stim: Prinsesse Fiona) Shrek 2 (2004; stim: Prinsesse Fiona) Shrek the Third (2007; stim: Prinsesse Fiona) Tinker Bell (2008; stim: Campanellino) Tinker Bell and the Lost Treasure (2009; stim: Campanellino) Beverly Hills Chihuahua (2009; stim: Drew Barrymore/Chloe) Shrek Forever After (2010; stim: Prinsesse Fiona)
Teäter 42nd Street (2000 - 2001) Momenten van Geluk (2002 - 2003) Glazen Speelgoed (2003 - 2004, april 2004 naam aktrise Astrid van Eck de rol fan Angela oer) Petits Crimes (2006) Blind Vertrouwen (2011) Lievelingsvrouw (2012) Kreutzersonate: "als het verlangen maar stopt" (2015) 4 jaargetijden met Angela Schijf (2017-2018) La Superba - Toneelgroep Maastricht (2018)
Keppeling om utens Angela Schijf har offisjele webside
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Persoan berne yn 1979