thumb|180px|right|Pieta, Vincent van Gogh
Marije, Maria (fan Gryksk Μαρία), Mirjam (fan Hebriuwsk מרים) of Maryam (fan Arabysk مريم) is yn it Nije Testamint en yn de Koran de mem fan Jezus. Neffens de kristlike tradysje is hja de dochter fan Joachim en Anna;Lukas 3:23 begjint in geslachtsregister by Jozef, dat hielendal oars is as dat yn Matteüs. Neffen guons moat de tekst yn Lucas lêzen wurde as: Hy wie, sa't algemien oannomd waard, de soan fan Jozef, mar yn werklikheid (fia Marije) de soan fan Eli. Dit wurdt berikt troch de yntroduksje yn de Grykske tekst wat oars te setten. It wurd soan wurdt faak brûkt ynstee fan ôfstammeling. yn de Koran wurdt melding makke fan Imraan as har heit.Dit kin ek symboalysk opfet wurde: Anton Wessels, De Koran ferstean, ISBN 90 242 4115 4, fiifde printinge 2001, side 10 Foar katoliken is hja de wichtichste hillige. Yn de Roomsk-katolike Tsjerke en Eastersk-ortodokse Tsjerke hat Marije as Mem fan God in wichtige rol yn it leauwenslibben. Yn de otterdokse tsjerke is de wenstige útdrukking foar Marije Memme Gods en net Marije. Der is binnen de teology sels in folsleine dissipline dy't him spesjaal op har rjochtet: de mariology. Ferskate liturgyske feesten en heechfeesten wurde ta eare fan har fierd.
Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Hebriuwsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Anglikaansk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Eastersk-katolyk hillige Kategory:Koptysk-otterdoks hillige Kategory:Syrysk-otterdoks hillige Kategory:Armeensk-otterdoks hillige Kategory:Nestoriaansk hillige Kategory:Kristendom Kategory:Islamitysk profeet Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 1e iuw Kategory:Berte fan Jezus