Westerhorn is in buorskip en streek yn 'e gemeente It Hegelân yn it noarden fan 'e provinsje Grinslân. De buorskip leit súdwestlik fan Uskwert, oan 'e Uskwerdermaar.
De buorskip bestiet út fjouwer (oarspronklik seis) pleatsen, wêrfan't Luidema de grutste is. It wie ea fanút Uskwert oer in dearinnend paad bylâns de Uskwerdermaar te berikken, mar de wei is letter nei it noarden ta ferlein en komt hjoed-de-dei op 'e Oostervalge by Warffum út. De krite westlik fan Westerhorn stiet ek bekend as Tjuchem, Aldfrysk foar in greidegebiet dêr't fee fokt waard (de fetgreide).
Tusken Westerhorn en Uskwert leit noch de pleats Groot Kruisstede.
Kategory:Plak yn It Hegelân Kategory:Plak yn Iemsmûn