Johannes (Jo) Bosma (Bûtenpost, 17 april 1943 - De Lemmer, 21 septimber 2015) wie in Frysk politikus fan D66.

Biografy Hy hat feehâlder west en rjochte yn 1967 in D66-ôfdieling op yn de gemeente Achtkarspelen. Letter hat er wethâlder yn Lelystêd west. Bosma wie direkteur fan de NV Lofthaven Lelystêd foar't er juny 1992 boargemaster fan Lemsterlân waard. Fan oktober 2003 oant maart 2004 wie er ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel.

Om de jierwikseling 2005/2006 hinne koe Bosma foarkomme dat in tal húshâldings mei jonge bern as útprosedearre asylsikers it lân útset waarden. Yn dy tiid stapte Bosma út D66, dy't doe yn it regear sit hie, omreden fan it asylbelied en bleau partijleas boargemaster oant syn pinsjonearring yn de maitiid fan 2008.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard Bosma ynformateur yn Ljouwerteradiel.

Bosma waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier oan kanker.''Oud-burgemeester Jo Bosma (72) overleden, Ljouwerter Krant, 22 septimber 2015

Sjoch ek List fan boargemasters fan Lemsterlân List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk politikus Kategory:D66-politikus Kategory:Boargemaster fan Lemsterlân Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk liberaal Kategory:Nederlânsk boer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk wethâlder Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan stoarn op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2015