Jan Bos (Hierden, 29 maart 1975) is in earder Nederlânsk langebaanrider. Hoewol't Bos sels leaver allrounder wurden wie, ûntwikkele hy him benammen ta sprinter en ried foaral de koarte ôfstannen 500, 1000 en 1500 meter. Yn 1998 waard hy de earste Nederlânske wrâldkampioen Sprint.
Karrière Jan Bos kin beskôge wurde as in skoalfoarbyld fan "hoe't men heart te riden". As gjin oar wit hy syn krêft om te setten yn beweging nei foaren ta op it iis. Mei syn destiidske coach Peter Mueller wurke hy oan syn foarm en yn 1998, it jier dat hy wrâldkampioen sprint waard, stapte hy oer op in oar type klapreed.DePers, 17 jannewaris 2008
In desimber 2005 wint hy op it NK Ofstannen 2006 ferrassend sawol de 500, 1000 as 1500 meter. Sa kwalifisearret hy him foar dy trije ôfstannen foar de Olympyske Winterspullen 2006. By de Iepeningsseremoanje droech hy de Nederlânske flagge.
Syn broer Theo Bos is fiiffâldich wrâldkampioen baanhurdfytsen. Jan Bos is ek in treflik hurdfytser. Tegearre mei syn broer Theo en Teun Mulder helle hy yn 2003 in fiifde plak op it WK teamsprint en in jier letter die hy mei oan de Olympyske Spullen yn Atene.
Yn jannewaris 2006 wint Bos brûns op it WK Sprint op It Hearrenfean.
Yn 2008, tsien jier nei it wrâldkampioenskip wûn te hawwen, stiet hy nei twa ôfstannen op it twadde plak yn it tuskenklassemint efter Jeremy Wotherspoon. Op de tredde ôfstân rydt hy yn Thialf tsjin Wotherspoon, mar falt hy krekt nei de earste bocht."Wotherspoon bijna kampioen, Bos valt" NU.nl, 20 jannewaris 2008
Nei it seizoen 2007-2008 stoppet Telfort mei de sponsoring fan de Team Telfort ridersploech dêr't Bos diel fan útmakket. Hy stapt oer nei de nije ridersploech Hofmeier dy't treend wurdt troch Ron Neymann en Jan van Veen."Schaatsploeg Hofmeier legt Bos en Smit vast" NU.nl, 24 april 2008
Yn syn lêste seizoen, 2010-2011, wurdt de 35-jierrige Bos sponsore troch Bureau B+O Arsjitekten út Meppel."Bos heeft eindelijk sponsor", Skating Online, 22 oktober 2010 Tegearre mei de Italjaanske ploech fan Gianni Romme wurket hy syn treningen ôf."Bos stapt over naar ploeg Romme" NUsport, 23 septimber 2010 Op de Nederlânske kampioenskippen wint Bos brûns op de 1000 meter en pleatst him foar de wrâldbekerwedstriden. By de world cup yn Obihiro op 12 desimber wurdt hy ferrassend tredde yn 1.10,17. It is syn earste poadiumplak yn hast twa jier tiid. Doe is hy yn Erfurt ek as tredde einige op de kilometer."Brons voor Bos op 1000 meter" De Telegraaf, 12 desimber 2010
Nei it seizoen 2010-2011 kundigde Jan Bos oan te stopjen mei reedriden.
Yn 2012 sil Jan Bos yn gearwurking mei it Human Power Team Delftbesykje om de snelste fytser fan de wrâld te wurden yn de World Human Powered Speed Challenge yn Battle Mountain, Nevada. Hjirfoar sil hy it wrâldrekord fan 133 km/h, dat no op namme stiet fan de Kanadees Sam Whittingham, ferbrekke moatte yn de stroomline lisfyts dy't spesjaal foar dizze wedstriid makke wurdt.
Rekords Persoanlike rekords 500 meter: 34,72 (12 febrewaris, 2002, Salt Lake City) 1000 meter: 1.07,20 (22 maart, 2009, Calgary ) 1500 meter: 1.44,87 (4 maart, 2007, Calgary )
3000 meter: 3.50,53 (16 maart, 2001, Calgary ) 5000 meter: 6.46,59 (17 maart, 2001, Calgary ) 10000 meter: 15.23,18 (11 maart, 1993, Thialf)
Wrâldrekords 1000 meter :1.10,63 ( 22 novimber 1997, Calgary 1000 meter : 1.08,55 ( 21 febrewaris 1999, Calgary
Resultaten Jier NKOfstannen NKSprint WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen Wrâldbeker 1994 9e 500m 6e 1000m10e 1500m 1995 5e 500m 4e 1000m10e 1500m 5e 1996 500m 1000m 24e 39e 1000m 1997 13e 8e 500m 1000m. 20e 500m 4e 1000m 1998 500m. 1000m5e 1500m 5e 500m4e 1000m 12e 500m 1000m 4e 1500m 5e 500m 1000m17e 1500m1999 500m 1000m 1500m fal 500m 1000m 4e 500m 1000m 6e 1500m 2000 500m. 1000m 4e 5e 500m 1000m 1500m 5e 500m 1000m 6e 1500m 2001 500m 1000m10e 1500m Siik 4e 21e 500m10e 1000m 8e 500m10e 1000m23e 1500m 2002 500m 1000m5e 1500m Diskw. 9e 500m 1000m7e 1500m 7e 500m 1000m26e 1500m 2003 500m 1000m 7e 5e 500m15e 1000m 5e 500m 1000m 2004 500m 7e 1000m 6e 14e 500m 5e 1000m 28e 100m16e 500m 9e 1000m 2005 4e 500m 5e 1000m10e 1500m 6e 1000m 23e 500m 5e 1000m 2006 500m 1000m 1500m 11e 500m 5e 1000m20e 1500m 43e 500m12e 1000m 7e 1500m 2007 500m 1000m 1500m 12e 16e 500m 36e 100m19e 500m 4e 1000m 6e 1500m 2008 5e 500m 1000m 9e 1500m 39e 5e 1000m 25e 100m24e 500m 1000m 2009 8e 500m6e 1000m 4e 5e 1000m 12e 1000m 2010 8e 500m7e 1000m 29e 500m 12e 1000m 51e 500m 15e 1000m 2011 10e 500m 1000m 12e
Medaljespegel Kampioenskip NK Ofstannen 10 8 6 NK Sprint 6 3 2 WK Sprint 1 1 1 WK Ofstannen 1 3 1 Olympyske Spullen 0 2 0
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk baanhurdfytser Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk reedrydtrainer Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1975