Marie-Fleur (Fleur) Agema (Poarmerein, 16 septimber 1976) is in Nederlânsk politika. Ut namme fan de Partij foar de Frijheid (PVV) siet hja sûnt de Twadde Keamerferkiezingen 2006 oant 2024 yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Fan 2 july 2024 oant 3 juny 2025 wie se minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en fise-premier yn it kabinet-Schoof.

Libben en wurk Agema studearre arsjitektuer oan it HBO. Sy wie fan 1999 oant 2003 romtlik ûntwerper en projektlieder op in arsjitekteburo. Se eksposearre ûnder mear yn it Museon, de Grutte Tsjerke en it Gemeentehûs yn De Haach, it âlde Philipsfabryk en CraftDesign. Se hie in eigen stand op de meubelfakbeurs fan 1999. Yn 2004 helle se har mastergraad (Master of Arts) mei in ûntwerp foar in finzenis en in mastertese oer detinsje.

Yn 2003 waard sy foar de List Pim Fortuyn yn de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân keazen. Op 17 oktober 2003 joech sy it betrouwen yn it bestjoer fan de LPF oer. Yn 2004 gie sy út de LPF fanwege yntern skeel. Sy gie fierder as ûnôfhinklike Groep Agema yn de Steaten. Yn de Steaten broch sy it yn har eagen te royale subsydzjebelied op it aljemint.Een steeds smeriger verhaal. Reformatoarysk Deiblêd, 17 novimber 2006 Yn datselde jier wie se ek aktyf op it neonazistyske ynternetforum Stormfront, dat de slogan "White Pride World Wide" brûkt. Extreem-rechts hielp Wilders, NRC, 13 jannewaris 2007

Yn 2006 gie sy by de Partij foar de Frijheid fan Geert Wilders en kaam sy yn de Twadde Keamerfraksje fan dy partij. Sy lei har dêr ta op romtlike oardening, folkshúsfesting en ferkear en wettersteat. Teffens wie hja fisefraksjefoarsitter. Sûnt 2010 die sy it wurd yn de keamer oer folkssûnens, wolwêzen en sport, jeugd en húshâlding, en subsydzjebelied.

Op 2 july 2024 waard Agema minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en earste fise-premier yn it kabinet-Schoof, it earste kabinet dêr't de PVV part fan wie. As gefolch fan it ministerskip ferliet se de Twadde Keamer. Dizze posysje hold se oant en mei 3 juny 2025, doe't sy tebekstapte as gefolch fan in koälisjekrisis it asielbelied oangeande https://nos.nl/collectie/13996/liveblog/2569753-kabinet-gevallen-schoof-naar-de-koning-noemt-vertrek-pvv-onverantwoord#UPDATE-container-86554991 en de dêrnei folgjende fal fan it kabinethttps://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17520510/kabinetsfal-soarget-foar-stilstan-ek-yn-fryslan-seit-kommissaris-brok.

29 augustus 2025 makke Agema bekend har net mear ferkiesber te stellen foar in in sit yn de twadde keamer foar de PVV.Nu.nl, 29-8-2025, https://www.nu.nl/politiek/6359760/oud-minister-fleur-agema-stelt-zich-niet-opnieuw-verkiesbaar-voor-pvv.html Rieplacht op 29-8-2025

Persoanlik Fleur Agema makke desimber 2012 bekend dat hja multiple skleroaze hat.PVV-Kamerlid Agema lijdt aan MS, NOS, 12 desimber 2012 Maaie 2013 sei hja yn it EO-programma De Kist dat hja fereale wie op in man út Hong KongFleur verliefd in Hong Kong, 'De Telegraaf', 15 maaie 2013, mar meidat har wurk net te kombinearjen is mei in relaasje om utens bleau hja single.Fleur Agema vrijgezel, 'Spits Nieuws', 16 maaie 2013 Yn 2014 krige se in relaasje mei âld-Twadde Keamerlid Léon de Jong'Blonde sekteleider' koppelt Fleur Agema aan popster, HP/De Tijd, 26 mei 2014; sy hawwe tegearre in dochter"PVV-kamerlid Fleur Agema bevallen van eerste kind" NU.nl, 18 febr. 2015.

Underskieding Yn 2011 krige Agema de priis 'Ingel fan it Jier' fan de KristenUny-jongerein PerspectieF fanwegen har krewearjen foar it noch net berne libben en it op it aljemint bringen fan tebekbringen fan it tal abortussen.

Keppelings om utens Hiemside Fleur Fleur Agema, webside fan de PVV-Keamerfraksje Fleur Agema, webside fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal]

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:LPF-politikus Kategory:PVV-politikus Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Folkssûnens Kategory:Nederlânsk minister fan Sport Kategory:Fise-premier fan Nederlân Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1976