Zarafshon (Oezbeeksk yn Syrillysk skrift: Зарафшон; Russysk: Зарафшан, Zarafsjan) is in stêd mei goed 85.000 ynwenners yn it sintrum fan Oezbekistan, provinsje Navoy. It plak leit yn de woastyn Kyzylkum en kriget syn wetter fan de rivier de Amudarya troch in piip fan 220 km lingte.
Zarafshon wurdt "de goudhaadstêd fan Oezbekistan" neamd.
Fan fleanfjild Zarafshon ôf ûnderhâldt Uzbekistan Airlines direkte flechten nei en fan Tasjkent.
Skiednis Yn de omkriten fan Zarafshon sitte grutte uranium-OECD Nuclear Energy Agency, International Atomic Energy Agency: Uranium 2001: resources, production and demand OECD Publishing, 2002. ISBN 92-64-19823-7 en goud foarrieden. Nei't dy yn 1965 fûn wienen, waard Zarafshon yn 1967 stifte en yn 1972 krige it plak de stedsstatus.Zarafshon yn de Grutte Sovjet Ensyklopedy De namme fan de stêd komt út it Perzysk en betsjut 'glânzjend goud'.
Ekonomy De minen (deibou) lizze sa'n 35 km beëasten de stêd. De deibou rint oer 3 km yn east-westlike rjochting en is sa'n 1,6 km breedt nei it noardsuden; der wurdt groeven oant in djipte fan likernôch 450 meter. De minen smite goed it dûbele op fan de goudfjilden yn de Kolyma yn it fiere easten fan Ruslân.
Fierders hat Zarafshon tekstyl- en ertsferwurkjende yndustry.
Kategory:Plak yn Oezbekistan Kategory:Plak stifte yn 1967