100px|left| thumb|read=leden grien=assosearre leden blau=waarnimmende leden pears=assosearre partners De Westjeropeeske Uny of Westeuropeeske Uny (WEU) wie in Westeuropeeske organisaasje foar militêre gearwurking dy't bestien hat fan 1954 oant 2011. De basis foar de WEU waard lein yn it op 17 maart 1948 yn Brussel troch Belgje, Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en Feriene Keninkryk tekene Ferdrach fan Brussel, offisjeel it "Ferdrach oangeande Ekonomyske, Sosjale en Kulturele Gearwurking en Kollektive Selsferdigening" neamd. Op 23 oktober 1954 is dit ferdrach amendearre en oanfold, wêrby't de Westeuropeeske Uny oprjochte waard. Dy omfette neist de fiif oarspronklike ûndertekeners ek de Bûnsrepublyk Dútslân en Itaalje as leden.
It haadkertier fan de WEU siet yn Brussel. Op 30 juny 2011 is de WEU ûntbûn.
Sekretaris-generaal fan de WEU Perioade Namme1955 - 1962 Louis Goffin1962 - 1970 Maurice Iweins d'Eeckhoutte1971 - 1974 Georges Heisbourg1974 - 1977 Friedrich-Karl von Plehwe1977 - 1985 Edouard Longerstaey1985 - 1989 Alfred Cahen1989 - 1994 Wim van Eekelen1994 - 1999 José Cutileiro1999 - 2009 Javier Solana2009 - 2011 Arnaud Jacomet
Keppeling om utens Offisjele site WEU
Kategory:Jeropa Kategory:Militêr bûnsgenoatskip Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1954 Kategory:Organisaasje opheft yn 2011