thumb|Wim van Eekelen yn 1978 Willem Frederik (Wim) van Eekelen (Utert, 5 febrewaris 1931 - De Haach, 25 juny 2025) wie in earder Nederlânsk politikus foar de VVD. thumb|left|225px|Wim van Eekelen (links) mei Peter Zumkley op in NAVO-oerlis (2000) Van Eekelen syn karriêre sette útein as diplomaat, dêrnei waard er topamtner op Bûtenlânske Saken. Rillegau nei syn ferkiezing ta Twadde Keamerlid waard hy steatssekretaris fan Definsje yn it kabinet-Van Agt I. Yn it kabinet-Lubbers I wie er steatssekretaris fan Europeeske Saken. In 1988 trede er ôf as minister fan Definsje yn it kabinet-Lubbers II fanwegen syn eardere ferantwurdlikheid yn de paspoartaffêre. Hy waard dêrnei sekretaris-generaal fan de West-Jeropeeske Uny en senator. Fan 1995 oant 2003 hie er in sit yn de Earste Keamer. Hy hearde yn 1999 by fan de "Bende van Vijf" dy't yn de Nacht fan Wiegel it kabinet-Kok II hast falle liet.

Wim van Eekelen wie in fûl ferdigener fan de Atlantyske én de Europeeske gearwurking.

Wim van Eekelen wie lid fan de Ried fan Advys fan The Rights Forum, in stifting dy't him ynset foar in rjochtfeardich Midden-Easten belied en fan Stichting JASON, in stifting dy't him ynset om de maatskippij te foarsjen yn lykwichtige ynformaasje oer ynternasjonale frede - en feilichheidsfraachstikken.Raad van Advies, stichting JASON. Argivearre op 24 juny 2015

Van Eekelen stoar ein juny 2025 yn de âldens fan 94 jier.

Underskiedingen Van Eekelen waard ûnderskieden as grutoffisier by Legioen fan Eare. Yn 1994 waard er dekorearre as Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk minister fan Definsje Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Sekretaris-generaal fan de Westjeropeeske Uny Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2025