thumb|Oranjekanaal, tusken de Buiten-Nieuwlandsepolder en Oranjepolder (kaart 1901) It Oranjekanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
It kanaal is groeven yn de 17e iuw. It is in ferbining tusken de Nieuwe Waterweg, dêr't it fuort beëasten fan de Maeslantkearing wetter yn lost troch it Gemaal Westland, en de Oranjepolder yn it Westlân. Oan de Maasdyk (N220) leit de Oranjeslûs. Njonken it kanaal leit it bedriuweterrein Nieuw Oranjekanaal.
It kanaal spilet in rol yn de Klimaatbestindige Wetteroanfierfoarsjenning (KWA). Fia it gemaal Winsemius oan it Brielse Meer wurdt troch in 4,2 kilometer lange lieding swietwetter fia it Oranjekanaal nei Delfland en sa nei oare parten fan it gebiet pompt. Genôch om simmerdeis yn alle swietwetterwinsken te foarsjen. www.waterforum.net De Brielsemeerlieding rint ûnder it Hartelkanaal, it Calandkanaal en de Nieuwe Waterweg troch en hat in kapasiteit fan 4000 liter per sekonde. De lieding waard yn 1988 yn gebrûk naam.
Kategory:Kanaal yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út de 17e iuw