thumb|left|Lizzing Coventry yn Ingelân

Coventry is in stêd (city) en in distrikt yn de West Midlands fan Ingelân. Coventry leit 153 kilometer noardwestlik fan Londen en 39 kilometer beëasten Birmingham.

Bombardemint op Coventry Yn de Twadde Wrâldkriich, op 14 novimber 1940, waarden grutte parten fan de stêd rekke troch in Dútsk bombardemint. Ek de ferneamde katedraal fan de stêd waard doe ferwoastge. Letter yn de kriich krige Coventry mear bombardeminten te fernearen. De Sint-Michaelkatedraal waard op 'en nij boud njonken de ruïnes fan de âlde en waard yn 1962 ynwijd.

Underrjocht Coventry hat twa universiteiten. De Universiteit fan Coventry leit op in moderne kampus yn it stedssintrum. De Universiteit fan Warwick sit 5 km besuden it sintrum oan de grins mei Warwickshire.

Stedsbyld Panorama Coventry City

Berne yn Coventry Nigel Hawthorne (1929-2001), akteur Clint Mansell (1963), musikus en filmmuzykkomponist Clive Owen (1964), akteur Marlon Devonish (1 juny 1976), sprinter Terry Hall (19 maart 1959), sjonger en musikus (The Specials)

Stêdebannen (kar-út) Ostrava (Tsjechje) Saint-Étienne (Frankryk), sûnt 1955 Sarajevo (Bosnje en Herzegovina) Windsor (Kanada) Arnhim (Nederlân)

Keppeling om utens Oer it bombardemint op Coventry

Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Plak stifte yn 1043