Stamford is in plak (town en civil parish) yn it distrikt South Kesteven, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. It leit sa'n 100 km benoarden Londen, oan de eastkant fan de A1 nei York en Edinboarch en oan de rivier de Welland. Neffens de folkstelling fan 2001 wennen dêr 21.800 minsken,"KS01 Usual resident population: Census 2001, Key Statistics for urban areas" Office for National Statistics. mar dêr sitte de ynwenners fan it oanswettende kerspel St Martin's Without by yn.
It stedsje is it meast ferneamd fan syn midsiuwske sintrum mei 17e– en 18e-iuwske stiennen gebouwen, âlde fakwurkhuzen en fiif midsiuwske tsjerken."Stamford Conservation Area Draft Appraisal" South Kesteven Council conservation area appraisals.
It besjen wurdich Burghley House (16e iuw) It âlde sintrum St. Martin‘s De ruïnen fan Kastiel Stamford Allehilligentsjerke
Berne yn Stamfort David Burghley (1905-1981), politikus en atleet Colin Dexter (1930), skriuwer
Keppelings om utens Burghley House De tsjerken fan Stamford Stamford - moaiste stone town yn Ingelân
Kategory:Plak yn Lincolnshire