thumb|Lizzing Nottinghamshire yn Ingelân Nottinghamshire is in greefskip yn de Ingelske regio East Midlands en hie 748.511 ynwenners yn 2001. It oerflak beslacht 2084,8 km². Nottinghamshire grinzget oan South Yorkshire, Lincolnshire, Leicestershire en Derbyshire.

Hoewol't de namme fan Nottinghamshire foar it earst yn histoaryske boarnen fermelden waard yn 1016, hearde de krite lange tiid by Derbyshire, en waard it pas yn 1568 in selsstannich greefskip. De stêd Nottingham hearde by Nottinghamshire oant 1998, mar is no in unitary authority dy't bûten it greefskip falt. It greefskiphaadplak wie oarspronklik Nottingham, mar de council in no fêstige yn West Bridgford.

Demografy Fan de befolking is 16,4 % boppe de 65 jier. De wurkleazens berint 3,3 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).

It ynwennertal gie omheech fan likernôch 735.100 yn 1991 nei 748.510 yn 2001.

Distrikten Distrikten Detailkaart Rushcliffe Broxtowe Ashfield Gedling Newark and Sherwood Mansfield Bassetlaw Nottingham (Unitary authority) 160px

Plakken fan belang Newark-on-Trent Mansfield Worksop Arnold Bingham Hucknall Kirkby-in-Ashfield Retford

Keppeling om utens Webside fan it greefskipsbestjoer

Kategory:Greefskip yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1568