thumb|left|180px|Flagge fan Yorkshire Yorkshire is in histoaryske greefskip fan Ingelân. It kaam fuort út it Deenske Keninkryk Jórvik, dat bestie yn 'e twadde helte fan 'e 9e en de earste helte fan 'e 10e iuw. Nei de ferovering fan it gebiet troch de Ingelsen, yn 954, waard it in greefskip fan it Keninkryk Ingelân. Dy status behold Yorkshire oant it yn 1974 opdield waard yn fjouwer ûnderskate nije greefskippen. Der wenje sa'n 5 miljoen minsken yn it greefskip dat nei oerflak fierwei it grutste fan Ingelân wie. It grutste part fan it oarspronklike Yorkshire falt ûnder it hjoeddeistige greefskip Noard-Yorkshire en leit binnen de grinzen fan 'e Ingelsk regio Yorkshire en de Humber.

Bestjoerlike ienheden thumb|left|180px|De ridings: 1 = Noard, 2 = West, 3 = East; dêr't de grinslinen byelkoar komme leit de stêd Jork. Yorkshire is ien fan de tradisjonele greefskippen fan Ingelân. It wie it grutste fan dy grêfskippen en wie, mei dêrom, opdield in fjouwer parten fan leger bewâld: De stêd Jork sels en de trimdels, de ridings.

Yn 1974 waard it lokale oerheidssysteem wizige en waard Yorkshire opdield: Noard-Yorkshire, it Noard-Trimdel en lytse stikjes fan de oare trimdels, mei Yorkshire's haadstêd York, alhoewol't Northallerton de haadstêd fan Noard Yorkshire is; yn 1996 is Jork selsstannich wurde. Súd-Yorkshire, fral foarme fan it suden fan it West-Trimdel; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten. West-Yorkshire, wat der oer wie fan it West-Trimdel nei't der ferskate parten fanôfhelle wienen; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten. Humberside, ôfskieden fan fral it East-Trimdel, en gearfoege mei parten fan Lincolnshire oan de Humber; is yn 1996 ferparte yn unitary authorities, dêr't it part fan de Yorkshire by opdield waar yn Kingston upon Hull en in nij East-Trimdel. Cleveland, ôfskieden fan it Noard-Trimdel; is yn 1996 ferparte yn unitary authorities Lancashire krige in part fan it West-Trimdel derby. Durham, Grut Manchester en Kumbria krigen elts ien distrikt fan Yorkshire derby.

Yn 1996 waard Humberside opheft en gearfoege mei in pear lytsere gebieten om it nije greefskip de East Riding of Yorkshire te foarmjen.

De Yorkshire Ridings Society lêst alle jierren op Yorkshire-dei de ferklearing foar dat Yorkshire ûnferoarlik de kombenaasje is fan de trije trimdels en de stêd.

Stêden en plakken yn Yorkshire thumb|250px|York Minster thumb|250px|De kliffen fan Flamborough Head Barnsley, Beverley, Bingley, Bradford Castleford Dinnington, Doncaster Goathland Grosmont Guisborough Harrogate, Halifax, Huddersfield Kingston upon Hull Leeds Middlesbrough Northallerton Redcar, Rotherham Scarborough, Sheffield Thirsk Thornaby-on-Tees Wakefield, Wetherby, Whitby York

Nasjonale parken Yorkshire Dales National Park

Ferneamde persoanen út Yorkshire David Hines (1945), skriuwer John Wyclif (1330-1384), bibeloersetter Thomas Fairfax (1612-1671), edelman en legeroanfierder, James Cook (1728-1779), ûntdekkingsreizger Joseph Priestley (1733-1804), filosoof Charlotte Brontë (1816-1855), skriuwster, Emily Brontë (1818-1848), skriuwster. Douglas Mawson (1882-1958), poalreizger Harold Wilson (1916-1995), minister-presidint Henry Moore (1898-1986), keunstner

Kategory:Histoarysk greefskip yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 954 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1974