De Sint-Gertrudistsjerke is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken yn Peins.

Skiednis De tsjerke (± 1300) wie yn de katolike tiid oan de hillige Gertrudis wijd. De ienbeukige tsjerke mei resten fan dowestien hat in trijesidige koarsluting. Yn 1902 is de sealtektoer ôfbrutsen. Fan dy stienen is in nije westgevel boud mei in houten geveltoer. Yn de toer hinget in yn 1654 getten klok fan klokkejitter Jurrien Balthasar.

De tsjerke is in ryksmonumint en is eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Oargel thumb|200px|left|Van Dam-oargel It hjoeddeiske oargel boude L. van Dam en Zonen yn 1867 foar de tsjerke, wylst de oargelkas yn 1828 oarspronklik boud waard foar de Frjentsjerter Fermanje. Van Dam brûkte foar de bou fan it doe nije oargel piipwurk fan it âldere oargel, dat Jan Harmens yn 1700 foar de tsjerke boude.

It oargel hat 7 registers en ien manuaal en in oanhongen pedaal.

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Keppeling om utens Stifting Alde Fryske Tsjerken Orgelsite: disposysje fan it Van Dam-oargel

Kategory:Peins Kategory:Tsjerkegebou yn Frjentsjerteradiel Kategory:Tsjerkegebou yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn Frjentsjerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Bouwurk út de 13e iuw