Jan Tjerk Oreel (Oerterp, 16 desimber 1838 – Amsterdam, 31 desimber 1932) wie de earste beropsfytser fan Nederlân op de houten vélocipède.Berte-akteJan Oreel ✝, Bildtsche Courant, 3 jannewaris 1933 Hy ferhuze letter nei Sint-Anne en wie aktyf as fytser tusken 1867 - 1873. Oreel kaam yn 1866 yn oanrekking mei it hurdfytsen doe't hy reparaasjes die oan ien fan de earste vélocopèdes fan Nederlân. Dêrnei boude hy de masine nei. Dat joech de oanset ta de vélocipède-fabrikaazje yn Fryslân. Al gau waarden de earste wedstriden organisearre, wêrfan Oreel inkele wûn. Earste prizen waarden wûn yn Frjentsjer, Bitgum, Wier, Sumar, Hallum, Wergea, Sint-Jabik en yn in tal oare Fryske doarpen. Letter fêstige Jan Oreel him yn Amsterdam.
Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk fytsmakker Kategory:Persoan berne yn Oerterp Kategory:Persoan berne yn 1838 Kategory:Persoan stoarn yn 1932