Acta is in profesjoneel teaterselskip út Ljouwert dat yn 1997 oprjochte waard. De namme Acta komt út it Latyn en betsjut 'hannelingen'. 'Acta est fabula' wienen de lêste wurden fan keizer Augustus foar't er stoar en betsjut 'it ferhaal is ferteld'. Acta stiet bekend om har akts by offisjele hannelingen, lykas iepeningen fan gebouwen, wegen, breggen etc. mar is benammen by it publyk bekend wurden troch har hilaryske teater- en dinerkomeedzjes yn Fryslân en omkriten. Al gau groeide Acta út har jaske en gie hja it lân yn. As selsstannich selskip sûnder subsydzje, hat Acta tûzenen kearen optreden foar partikuliere groepen yn besletten rûnte, mar ek foar bedriuwen, organisaasjes en ynstânsjes. Acta is specialisearre yn ynteraktyf teater, ofstân mei it publyk is der eins net. Njonken ynteraksje mei it publyk waard ek muzyk hieltyd wichtiger foar de foarstellings en akts dy Acta spilet. Tsjintwurdich is de offisjele namme Acta Teater én Muzyk. Alle foarstellings en acts wurde yn eigen behear makke en ûntwikkele troch teatermakkers Gea Struiksma en Guido de Roos, dy 't ek de eigeners binne fan Acta. Oan harren is in útwreide team fan profesjonele akteurs ferbûn.
Muzykaal strjitteteater Swingen en Zwijmelen met Mick & Sugar The Darles Chicken Singers: ynteraktyf markant krystkoarke The Sugar Berries: Je bent wat je eet - kabaret mei muzyk yn de styl fan de swingende jierren 1920-1950 Los Parasols: komyske strjitte act mei muzyk út Súd Amearika Skazou: fleurige strjitte-act mei Ska en Ska-ferwante nûmers Roots 'n' Beans: "famylje" countryband mei in miks fan country-pop, tex-mex, folk-rock, of koart wei "americana"
Koarte tematyske foarstellings Polit-X Brunner: oer fersteurde relaasjes op it wurk Trashbusters: yn it tema "Nederland Schoon" Persoonsgericht Werken: edukative foarstelling foar personiel yn de soarch
Kategory:Frysk teaterselskip Kategory:Organisaasje yn Ljouwert Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1997