Nuttert Timmerman (9 augustus 1910 - 4 july 1981) út Wolvegea wie foarsitter fan de hurdrdraverijferiening "Wolvega". Boppedat wie er jierrenlang lid fan Nederlânske feriening fan langebaandraverijen en advysried foar de draafsport.
Yn 1977 wûn er de fjirde Fryske Sportpriis dy't útrikt waard troch Mr. Rijpstra. Hy wie doe 25 jier bestjoerslid en 18 jier foarsitter en waard útrikt as erkenning foar syn wurk foar de draafsport en fan Lindenoard yn it bysûnder. De priis bestie út in "skiif" (model fan in pompeblêd), in oarkunde en de wikseltrofee.
Sjoch ek List fan Fryske Sportpriiswinners
Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Wolvegea Kategory:Persoan stoarn yn Wolvegea Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1981