Rimmer Abma (Jiskenhuzen, 28 augustus 1963) is in fierljepper út Heech.Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

Rimmer Abma waard 9 kear kampioen: 1x by jonges, 3x by de junioaren en 5x by de senioaren. Syn persoanlik rekord fan 18.45 m ljepte er yn Drylts yn 1993. Yn 1999 waard er yn Boalsert "Bêste Sportman fan Fryslân" en wûn dêrmei in mountainbike. Krige yn 2000 de Fryske Sportpriis foar in soad jierren op topnivo ljeppen en it propagearjen fan de fierljepsport. Dy bestiet ûnder mear út in sulveren ring mei readgouden pompeblêd en F1000,-.

Abma waard foar syn wurk as foarsitter fan ûnder oare de Fierljepfering Drylts en oar frijwillgerswurk, beneamd ta lid fan de Oarder fan Oranje-NassauArgyf Ljouwerter Krante

Earelist Nederlânsk Kampioen Senioaren 1993, 1998 Nederlânsk Kampioen Junioaren 1982 Nederlânsk Kampioen Jonges 1978 Frysk Kampioen Senioren 1987, 1988, 1992, 1999, 2000 Frysk Kampioen Junioaren 1980, 1981, 1982 Frysk Kampioen Jonges 1978 NFM Kampioen Senioaren 1991 NFM Kampioen Feteranen 2005, 2007

Sjoch ek List fan Fryske Sportpriiswinners‎

Kategory:Frysk fierljepper Kategory:Persoan berne yn Heech Kategory:Persoan berne yn 1963