Jan Kostelijk (Ljouwert, 10 maart 1900 – dêre, 16 jannewaris 1982) wie in Frysk fuotbalbestjoerder. Hy wie sûnt 1928 bestjoerslid en sekretaris fan de FVB (letter KNVB-ôfdieling Fryslân ). Kostelijk wie de gongmakker efter it Fryske jeugdfuotbal. Spile yn syn jeugd foar de Ljouwerter fuotbalklup Rood-Geel.

Yn 1975 wûn Jan Kostelijk de twadde Fryske Sportpriis.

Alle jierren it Jan Kostelijk-sealfuotbaltoernoai hâlden. Dat toernoai wurdt yn desimber organisearre troch de Ljouwerter fuotbalklups ûnder tafersjoch fan de COTK-kommisje. Der wurdt fuotballe ûnder it biedwurd "de sterken foar de swakken". De opbringsten fan it toernoai wurde bestege oan goede doelen.

Sjoch ek List fan Fryske Sportpriiswinners‎

Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1982 Kategory:Sealfuotbal