thumb|Locklear mei Sambora Heather Locklear (Westwood (Kalifornje), 25 septimber 1961) is in Amerikaansk aktrise.

Heather is in dochter fan Bill en Diane Locklear. Har heit wurke oan de Universiteit fan Kalifornje - Los Angeles, dêr't Heather kolleezje rûn oant sy har stúdzje ferruile foar in karriêre as aktrise. Al yn har stúdzjetiid wurke sy as model en die hja mei oan reklamefilmkes.

Locklear waard fral ferneamd troch har rollen yn de telefyzjerigen Dynasty, Spin City en Melrose Place. Yn Dynasty spile hja Sammy Jo, yn Spin City wie se Caitlin Moore, de kampanjemanager fan de boargemaster fan New York en yn de rige Melrose Place spile sy Amanda Woodward; foar de lêste rol krige hja de 'Bêste aktrise yn in telefyzjerige priis'.

Sjochsiferkanon It falt op dat Heather Locklear twaris ynset is om sjochsifers omheech te krijen. Dat wie it gefal by sawol Dynasty as Melrose Place. Fral fan Melrose Place gie de sjochtichtens bot omheech, doe't Locklear as Amanda Woodward yn de rige kaam.

Priveelibben Locklear hie koarte relaasjes mei Tom Cruise en Scott Baio yn de iere jierren '80. Dêrnei troude hja mei de drummer fan Mötley Crüe, Tommy Lee (1986 oant en mei 1993). Yn desimber 1994 boaske se fannijs mei Richie Sambora, gitarist fan Bon Jovi. Op 4 oktober 1997 krigen sy in dochter, Ava Sambora. Op 3 febrewaris 2006 kundigen sy har skieding oan, dy't in soad omtinken yn de media krige.

Febrewaris 2007 waard har leafde foar bêste freon en eks-kollega, akteur Jack Wagner, buorkundich makke. Wagner en Locklear krigen kunde oan elkoar op de set fan de populêre jierren '90 searje, Melrose Place yn 1992. Yn de rige trouden sy ek. Hoewol't der neffens it pear sprake wie fan in nauwe freonskip, duorre it oant yn 2007 dat Locklear en Wagner in ferhâlding krigene.

Op 14 augustus 2011 kundigen Heather en Jack offisjeel har ferloving oan.

Filmografy Jier Titel Rol 1984 Firestarter Victoria 'Vicky' Tomlinson McGee 1989 The Return of Swamp Thing Abby Arcane 1991 The Big Slice Tanya 1993 Wayne's World 2 Herself (cameo) 1996 The First Wives Club Sharon (cameo)1997 Double Tap Agent Katherine Hanson Money Talks Grace Cipriani2003 Looney Tunes Back in Action Dusty Tails Uptown Girls Roma Schleine 2005 The Perfect Man Jean Hamilton 2006 Oranges Irene 2008 Flirting with Forty Jackie Laurens 2009 Flying By Pamela

Telefyzjewurk Jier Titel Rol1979Tales of the UnexpectedPat Ward1980CHiPsTsiender1981240-RobertJeanEight is EnoughIngridThe Return of the Beverly HillbilliesHeather (uncredited)TwirlCherie Sanders1981–1989DynastySammy Jo Carrington1982The Fall GuyJune EdwardsFantasy IslandLorraine WentworthMatt HoustonCindy McNichol1982–1986T.J. HookerOfsier Stacy Sheridan1983HotelMiranda HardingThe Love BoatPatti SamuelsThe Fall GuyPaige Connally1984City KillerAndrea McKnight1988Rock 'n' Roll MomDarcy X1990Jury Duty: The ComedyRita BurwaldRich Men, Single WomenTori1990–1991Going PlacesAlexandra "Alex Burton1991Dynasty: The ReunionSammy Jo CarringtonHer Wicked WaysMelody Shepard1992Batman: The Animated SeriesLisa Clark (stim)Body LanguageBetsyHighway HeartbreakerAlexIllusionsJan Sanderson1993–1999Melrose PlaceAmanda Woodward1993Fade to BlackVictoria1995Texas JusticePriscilla Davis1996Shattered MindSuzy/Bonnie/Ginger/Victoria/D.J.1997Muppets TonightHarsels (gastrol)1999–2002Spin CityCaitlin Moore2000King of the HillPeggy Donovan (stim)2002Ally McBealNicole NaplesScrubsJulie Keaton2003Once Around the Park (pilot)Alex Wingfield2004Two and a Half MenLaura Lang2004–2005LAXHarley Random2005Boston LegalKelly Nolan2006Women of a Certain Age (pilot)Barb2007Angels FallReese GilmoreHannah MontanaHeather TruscottRules of EngagementBarbaraSee Jayne Run (pilot)Jayne Doherty2009–2010Melrose PlaceAmanda Woodward2011He Loves MeLaura2012–2013 Hot in Cleveland Chloe 2013 Franklin & Bash Rachel King 2016 The Game of Love Frankie 2016–2017 Too Close to Home The First Lady 2017 Fresh Off the Boat Sarah 2021 Don't Sweat The Small Stuff: The Kristine Carlson Story Kristine Carlson

Produsint Melrose Place (1997–99) (as mei-produsint) LAX (2004–2005)

Keppelings om utens Heather Locklear yn de Internet Movie Database Fanside Heather Locklear.info

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk model fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Lumby-komôf Kategory:Persoan berne yn 1961