Bartle Piters fan Nysten, ek: Barthold of Bartholomeus fan Nijsten, (?, ±1628 - Ljouwert, 13 maart 1696), wie grytman fan Raerderhim (1670-1697), deputearre fan Fryslân (1686-1671) en lid fan de Admiraliteit fan Fryslân (1692-1696)
Bartle waard op 10 juny 1670 grytman fan Raerderhim en wie sûnt 1652 folmacht op de Lândei út Eastergoa. Op 11 febrewaris krige hy sitting yn it kolleezje fan deputearren. Yn dit en it folgjende jier wie hy kommissaris by de Synoade yn Ljouwert en It Hearrenfean, krektas yn 1683 nochris op It Hearrenfean en yn 1684 te Snits. Wie kommittearde by de provinsjale Rekkenkeamer.
Bartle wie in soan fan Piter fan Nysten (1575-1630) en Aafke Buwesdochter Jeltinga (1598-1656). Bartle troude yn 1656 mei Margareta fan Huych (*1630), se krigen yn 1660 ien famke, Jehanna Marije fan Nysten.
Hy ferstoar yn de âldens fan 68-jier.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Raarderhim
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Raerderhim Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1628 Kategory:Persoan stoarn yn 1696