Tsjerkwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Boalsert. It doarp hat ynwenners ().

Topografy De himrik fan Tsjerkwert grinzet, fan it noarden, mei de klok mei, oan: Boalsert, Blauhús, Greonterp, Dedzjum, Parregea en Eksmoarre. It doarp leit oan de eastkant fan de Warkumer Trekfeart tusken Boalsert en Parregea. Oan de súdkant fan it doarp giet fan de trekfeart it Van Panhuyskanaal nei it westen nei Makkum. Oan de westkant fan de trekfeart leit ek de N359, dêr't it doarp oer in brêge mei ferbûn is. Nei it súdeasten rint de Himdyk nei Blauhús.

Ta de himrik fan Tsjerkwert hearre ek de buorskippen Aaksens, Arkum, Beabuorren, Ymswâlde, Jonkershuzen en Jousterp.

Skiednis thumb|left|250px|De yn 1800 ôfbrutsen Waltastate It doarp ûnstie eartiids op in terp en ûntjoech him letter ek by de feart lâns. Sa ûnstie der njonken it terpdoarp ek in lange streek.

Yn de 13e iuw waard it doarp 'Kercwere' neamd. Dêrnei folgen nammen lykas 'Kercwerve' (1313), 'Kerkwerc' (1331), 'Karcwarde' en 'Kercwaerd' (1333), 'Kercweer' (1399), 'Tzerckwert' (1453) en 'Tjerckwert' (1664). De plaknamme ferwiist nei in tsjerke ('tjerk') op in opheging foar bewenning, yn it Aldfrysk 'werve'.

Op it plak fan de yn 1800 ôfbrutsen Waltastate stiet tsjintwurdich in mânske pleats. De state waard nei de Walta's troch de Fan Cammingha's bewenne en nei it ferstjerren fan Watse fan Cammingha (1668) liet syn frou Rixt fan Donia foar har man in moarmeren praalmonumint yn de tsjerke sette.

Oant 2011 lei Tsjerkwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Yn 2011 is dy gemeente opgongen yn de gemeente Súdwest Fryslân.

Mienskip It doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. It doarpshûs is It Waltahûs. De doarpskrante fan Tsjerkwert hjit 't Skieppesturtsje, ferneamd nei de skelnamme fan de Tsjerkwerters. Op it nijjiersbal wurdt de jierpriis fan Tsjerkwert útrikt: De Skieppesturt. De ûnderskieding bestiet út in echte skippesturt út de ienige skiep- en laamsfachtloaierij fan Nederlân, dy fan Van Buren oan de Warkumer Trekwei yn Boalsert. De byhearrende oarkunde wurdt jûn om minsken yn it sintsje te setten, dy't yn de rin fan de jierren boppe de grutte grize kloft fan warbere wurkers útstekke. De sjuery bestiet út redaksjeleden fan de doarpskrante.

Tsjerkwert leit op de helte fan de rûte fan de Alvestêdetocht. Sûnt 2021 is it doarp ferrike mei it keunstwurk 'Fyftjin en Fierder'. It bestiet út ferskillende dielen fan 15 silhûetten oan de Warkumer Trekfeart. Elts silhûet stiet foar it jier dat de tocht rieden waard en foar de silhûetten hawwe ynwenners fan it doarp model stien.Omrop Fryslân, 19 desimber 2021

Tsjerke thumb|260px|Alde pastorije

De PKN-gemeente Tsjerkwert-Dedzjum makket alle sneinen gebrûk fan de Petrustsjerke yn Tsjerkwert. Ienris yn de moanne brûkt de PKN ek de tsjerke fan Dedzjum. Oant 1987 hie Tsjerkwert ek in grifformearde tsjerke, de Lytse Tsjerke. Yn 1987 waard de Lytse Tsjerke sletten, mar it gebou krige in oare funksje en bleau sûnder al te grutte feroarings oan de bûtenkant bestean. thumb|260px|De eardere grifformearde tsjerke

Skoalle It doarp hat ien basisskoalle: de kristlike basisskoalle De Reinbôge en in pjutteboartersplak It Pjuttehonk foar bern út Tsjerkwert, Dedzjum, Parregea en Hieslum.

FerieningsSjoch op de side Tsjerkwert ûnder ferienings Begraffenisferiening Tsjerkwert-Dedzjum Biljertferiening H.T.S. Fitness Foar Froulju Kaartklub Keatsferiening De Twa Doarpen (mei Dedzjum) Iisklup Tsjerkwert Muzykferiening Eensgezindheid Oranjeferiening Mei Inoar Ien Stifting Windkracht Tien 60+ soas Tsjerkwert–Dedzjum thumb|260px|Underdiel fan 'Fyftjin en Fierder'

Berne yn Tsjerkwert Jan Ysbrands Galama (1885-1942), pastoar Hylke Speerstra (1936-), skriuwer en sjoernalist Haye Galama (1938-), CDA-politikus

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2000 2002 2009 2022 Ynwenners 560 524 504 473 438 463 478 466 447

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Tsjerkwert rint de folgjende busline:

Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân

De busline troch Tsjerkwert wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Arkum, Beabuorren, Boalserterwei, Iemswâlderleane, Himdyk, Jousterperwei, Kade, Tsjerkestrjitte, Rytseterp, Singel, Sylroede, Van Panhuijswei, Waltawei.

Sjoch ek Fryske doarpen

Kategory:Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Wûnseradiel