De Sânwâlden wie neist Eastergoa en Westergoa ien fan de trije goaen fan Fryslân.

Untstean Om't Boarnegoa doe't it opsplit rekke yn de 14e iuw ek útelkoar foel, wie der yn it suden fan Fryslân ferlet fan in nij ferbân. Dit waard begjin 15e iuw sletten tusken Boarnegoaster dielen Boarnferd en Skoatterwerf en it Westergoase Doedingwerstâl. Dit ferbân bestie oarspronklik út sân parten: Boarnferd waard Haskerlân, Utingeradiel en Aenjewier en fan Skoatterwerf, dat Skoatterlân waard, waard it kustpart ta Easterseesterlân, en fan Doedingwerstâl, dat Doanjewerstâl waard, waard it kustpart ta Marderlân.

Utwreiding In de 15e iuw hie dit nije ferbûn net in soad ynfloed yn de Fryske polityk, dy't fral tusken Eastergoa en Westergoa spile. Mar doe't om 1500 hinne Gaasterlân, Opsterlân en de Stellingwerven by it ferbân kamen waard it ta in goa mei deselde rjochten as de oare twa. De lêste feroarings yn de gearstalling wienen it geargean fan Marderlân en Easterseesterlân ta de Lemster Fiifgea, letter Lemsterlân, wylst oarsom de Stellingwerven ta de gritenijen Eaststellingwerf en Weststellingwerf waarden.

Kaart left|thumb|450px|gritenijen yn Sânwâlden oan it ein fan 'e 17e iuw De tsien gritenijen fan Sânwâlden1Utingeradiel2Aenjewier3Doanjewerstâl4Haskerlân5Skoatterlân6Lemsterlân7Gaasterlân8Opsterlân9Eaststellingwerf10Weststellingwerf

Ien stêdSSleat

Keppelings om utens Sânwâlden yn de Schotanusatlas, 1664. Sânwâlden yn de Schotanusatlas, 1718.

Kategory:Kertier fan Fryslân kategory:Goa Kategory:Frysk gebiet Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 15e iuw Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1795